Katedraal fan Bury St. Edmunds

Ut Wikipedy
Katedraal fan Bury St. Edmunds

Cathedral Church of St James and St Edmund

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Suffolk
plak Bury St. Edmunds
adres Angel Hill, Bury Saint Edmunds IP33 1LS
koördinaten 52° 14' N 0° 43' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom St. Edmundsbury en Ipswich
patroanhillige Sint-Jakobus
Sint Edmund
Arsjitektuer
boujier 15e iuw-21e iuw
monumintale status Grade I listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Bury St. Edmunds (Ingelân)
Katedraal fan Bury St. Edmunds

De Katedraal fan Bury St. Edmunds (offisjeel: Katedrale Tsjerke fan Sint-Jakobus en Sint-Edmund; Ingelsk: Cathedral Church of St James and St Edmund) is de katedraal fan it Anglikaanske bisdom St. Edmundsbury en Ipswich yn Ingelân. De oarsprong fan 'e katedraal datearret út de 11e iuw. Yn 'e 12e en 16e iuw waard de tsjerke as parochytsjerke werboud en sûnt it gebou de funksje yn 1914 fan katedraal krige is de tsjerke foars útwreide en krige it mei de bou fan in toer yn it begjin fan it nije millennium in oansjen dat better by de hoeddeiske funksje oanslút.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De "Norman Tower" dy't ek as klokketoer tsjinnet

Op it plak fan 'e katedraal hat yn alle gefallen al sûnt 1065 in tsjerke stien, doe't de Sint-Dionysiustsjerke boud waard binnen de kleastermuorren fan de Bury St. Edmunds Abdij. Yn it begjin fan 'e 12e iuw wie abt Anselm fan doel om in pylgertocht te meitsjen lâns it Jabikspaad nei Santiago de Compostela. Dêr slagge er net yn en ynstee dêrfan liet er de Dionysiustsjerke op 'e nij bouwe en dy nijbou wije oan Sint-Jakobus, dy't tsjinne as parochytsjerke foar it noardlike diel fan Bury St. Edmunds. Anselm joech ek de opdracht om by de Jakobustsjerke de poartetoer fan 'e abdij te bouwen, dy't tsjintwurdich bekend stiet as de Norman Tower. De poarte krige de funksje fan klokketoer foar de tsjerke en is dat hjoed-de-dei noch jimmeroan.

Sûnt 1503 waard dy tsjerke fan Anselm foar in grut part op 'e nij boud yn 'e perpendicular (leadrjochte) styl troch John Wastell, in boumaster dy't ek wurke hie oan it King's College yn Cambridge. Mear feroarings oan it gebou barden yn 'e 18e en 19e iuw; it neamen wurdich binne in nij preesterkoer en in nij houten ferwulft fan de arsjitekt George Gilbert Scott.

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1914 it bisdom St. Edmundsbury en Ipswich stifte waard krige de tsjerke de funksje fan katedraal. Nije wurksumheden fûnen sûnt 1959 plak om de eardere parochytsjerke geskikt te meitsjen as katedraal. Tusken 1959 en 1970 waard it fiktoariaanske preesterkoer sloopt en ferfongen troch in nij koer. Oan 'e westlike kant ferriisde in kleastergong en ek krige de katedraal transepten, in Marijekapel (Lady Chapel) en in oan Sint-Edmund wijde sydkapel. De oan 'e katedraal ferbûne arsjitekt wie Stephen Dykes Bower en hy liet de tsjerke £ 2.000.000 nei foar de foltôging fan 'e katedraal. By de katedraal waard in nije koarskoalle en in besikerssintrum iepene, dy't boud waarden troch de opfolger fan Dykes Bower, Alan Rome. Yn 2000 waard ek útein set mei de bou fan in neogoatyske toer. De toer wie in ûntwerp fan Hugh Mathew en is 46 meter heech. De foltôging fan 'e toer waard op 22 july 2005 fierd; de foltôging fan it skildere en fergulde ferwulft folge yn 2010. Mear tafoegings binnen de Transfiguraasjekapel (Chapel of the Transfiguration) en de eastlike kleastergong, beide foltôge yn 2009, en de skatkeamer yn (Crypt Treasury) yn 2012.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkeskip.

It doopfont is in ûntwerp út 1870 fan George Gilbert Scott op in midsiuwske sokkel mei in deksel fan Frank Ernest Howard út Oxford. De dekoraasje waard yn 1960 tafoege. In skilderij fan it Martlerskip fan Sint-Edmund ("The Martyrdom of St Edmund") hinget yn 'e Marijekapel. In byld fan Elizabeth Fink mei de titel Krusiging (Crucifixion) stiet by de treppen nei de Skatkeamer.

De measte glês-yn-leadramen datearje út de fiktoariaanske tiid. De ramen yn it noardlike skip stelle foarstellings út it Alde Testamint foar, wylst dy fan it súdlike skip it Nije Testamint útbyldzje. Ien raam hat folle âlder glês, it giet om in apokrive foarstelling fan Suzanna en de Alderlingen en it is mooglik Frânsk of Flaamsk. Yn it westlike raam dat stamt út 1900 wurdt it Jongste Gerjocht útbylde.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel stamt út 2010 en waard boud troch Harrison & Harrison. By de bou waard âlder piipwurk brûkt fan de foargonger. It oargel kin ek brûkt wurde by tsjinsten yn it koer.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Liverpool Cathedral