Katedraal fan Brussel
| Katedraal fan Sint-Michael en Sint-Gûdûla | ||
| De westgevel fan 'e katedraal. | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Gewest | Brussel | |
| plak | Brussel | |
| adres | Sinter-Goedelevoorplein | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolyk | |
| aartsbisdom | Mechelen-Brussel | |
| patroanhillige | Sint-Michael en Sint-Gûdûla | |
| status | Ko-katedraal | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 13e-15e iuw (hjoeddeisk gebou) | |
| boustyl | Brabânske gotyk | |
| hichte | 64 m (tuorren), 26,5 m (skip) | |
| monumintale status | Beskerme monumint | |
| monumintnûmer | 2043-0001/0 | |
| Webside | ||
| www.cathedralisbruxellensis.be | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Nederlânsk: Kathedraal van Sint-Michiel en Sint-Goedele; Frânsk: Cathédrale Saints-Michel-et-Gudule) is in tsjerkegebou yn it âlde sintrum fan Brussel en de ko-katedraal fan it aartsbisdom Mechelen-Brussel. De katedraal is wijd oan Sint-Michael en Sint-Gûdûla, de patroanhilligen fan 'e stêd Brussel. De katedraal is in opfallend foarbyld fan 'e Brabânske gotyk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e 9e iuw stie hjir nei alle gedachten in kapel dy't wijd wie oan Sint-Michael. Yn 'e 11e iuw waard in romaanske tsjerke boud en ta kapitteltsjerke (1047) ferheft. Nei it oerbringen fan 'e reliken fan Sint-Gûdûla krige hja de dûbele namme "kollegiale tsjerke fan Sint-Michael en Sint-Gûdûla". Yn febrewaris 1962 krige de tsjerke de rang fan katedraal en sûnt dy tiid is hja, tegearre mei de Sint-Romboutskatedraal yn Mechelen, de sit fan 'e aartsbiskop fan Mechelen-Brussel.
Yn 1226 waard úteinset mei de bou fan it goatyske koer. De bou fan 'e katedraal sette yn it begjin fan 'e 13e iuw ûnder lieding fan hartoch Hindrik I fan Brabân útein. Oant de opspjalting fan it bisdom Mechelen yn 1961 wie it in kollegiale tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Michael en dêr't yn 1047 in kapittel ta eare fan Sint-Gûdûla yn stifte waard.
Yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw waard it aartsbisdom Mechelen op 'e nij yndield: oan 'e iene kant waard it bisdom Antwerpen ôfspjalte (de Us-Leaffrouwetsjerke fan Antwerpen waard as Us-Leaffrouwekatedraal de katedraal fan dit nije bisdom). De rest fan it eardere bisdom Mechelen waard omdoopt ta it aartsbisdom Mechelen-Brussel. De sit fan 'e Belgyske primaat bleau lykas foarhinne yn it aartsbiskoplik paleis fan Mechelen. De haadtsjerke fan Brussel waard ta ko-katedraal ferheft, njonken de Mechelske Sint-Romboutskatedraal. Om it jier 2000 hinne ûntstie de tradysje om de katedraal nei Sint-Michael en Sint-Gûdûla te neamen (folút: Kollegiale Sint-Michiels- en Sint-Gûdûlako-katedraal). It argyf fan 'e katedraal wurdt bewarre yn it Ryksargyf yn Brussel.
In pear brânskildere ramen yn 'e tsjerke byldzje it "Sakramint fan Mirakel" út, in leginde út 1370 wêrby't Joaden hostys skeind hawwe soene om te sjen oft dat werklik it lichem fan Jezus wie. Neffens de leginde stielen hja hostys en stieken se der mei messen yn, wêrnei't der bloed út de hostys rûn. De leginde waard sawol yn 'e 16e as yn 'e 19e iuw ôfbylde yn 'e tsjerke. Yn 'e twadde rige binne de Joaden karikaturaal ôfbylde. Yn 2026 waard yn 'e katedraal in betinkingsplaat ûntbleate om de ferdriuwing fan 'e Joaden út it midsiuwske hartochdom Brabân te betinken. De betinkingsplaat leit de kontekst fan 'e leginde út en waard yn oerlis mei de Joadske mienskip oanbrocht. De tekst freget om ferjouwing foar it antysemitisme dat oan 'e grûnslach lei fan 'e leginde en de gefolgen dêrfan.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal waard fan kalksânstien út de stiengatten fan Dilbeek boud. De hichte fan it ferwulft yn it skip is 26,5 meter. Yn it lêste fearn fan 'e 20e iuw fûn de meast yngreven restauraasje fan 'e Sint-Michielskatedraal plak. It midsiuwske gebou hie ferskate konstruksjeproblemen (ûnder oaren de net-effektive posysjonearring fan 'e loftbôgen) wie al langer bekend. Eardere restauraasjes slaggen der net yn om dy problemen op te lossen. Ek oare problemen, lykas it ynsipeljen fan wetter, waarden oanpakt.
Yn 'e flier is in meridiaanline ferwurke. De monumintale trep foar de katedraal, ûntwurpen troch Pieter Paul Merckx, is yn 1702-1707 tafoege. It wie in geskink fan 'e stêd Brussel. Oarspronklik wie de trep tsjin de stedsmuorren oanboud om tagong te jaan ta de promenade dy't ynrjochte wie op it stik tusken de Lakenskepoarte en de Schaarbeekskepoarte.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Preekstoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De barokke preekstoel fan Hindrik Frans Verbruggen is yn 1696-1699 makke foar de Sint-Michaelstsjerke fan 'e Leuvenske jezuïten en yn 1776 nei Brussel brocht, nei in ruiloperaasje dêr't keizerinne Maria Theresia fan Eastenryk (1717-1780)Maria Theresia persoanlik by belutsen wie. It is in oerweldigjend totaalkeunstwurk, in gearfoeging fan 'e sûndefal en de ferlossing troch de tsjerke. Underoan ferdriuwt in aartsingel Adam en Eva út it paradys. Eva beskermet har fan skrik mei de earm wylst hja yn 'e oare hân de apel noch hat. Benaud foar wat komt ferberget Adam de holle. Ut de beam fan 'e kennis fan goed en kwea krûpt in reuseftige slange, dy't him oant boppe it klankboerd kringelet. Dêr wurdt de slange ferplettere troch de triomfearjende Jongfaam mei har Bern. Typysk foar Verbruggen binne de twa wjukkeljende ingels dy't it klankboerd 'optille'. Jan Baptist van der Haeghen foege oan beide kanten fan 'e trep noch in hage mei bisten ta.
Tsjerkeskat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e kapel fan it Sakramint fan Mirakel wurdt in grutte hoemannichte edelsmidswurk, borduerwurk en religieuze keunst bewarre. Ferskate reliken en kostber tekstyl binne útstald, wêrûnder kazuvels yn side en mei gouddried borduerre dy't skonken binne troch ferskate keningen, en ek in tsjelk, in geskink fan Leopold I. Ferneamd is it relyk fan it Wiere Krús, datearjend út de 14e iuw. Bysûnder is ek de moarmeren byldegroep fan Us-Leaffrou mei Bern, makke troch Conrad Meit.
Reliken fan it Sakramint fan Mirakel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e katedraal wurde as relyk de hostys bewarre, dy't nei it skeinen troch Joaden (1370) blet ha. De fergulde monstrâns is beset mei diamanten en kristal.
Yn 'e 17e iuw makke de kultus fan it Sakramint fan Mirakel in wichtige bloeitiid mei. It Sakramint fan Mirakel is in kombinaasje fan byleauwe, ûnwittendheid en antysemitisme. In Joad stelt yn 1370 wijde hostys út de tsjerke en om te bewizen dat se net it lichem en bloed fan Kristus binne, bewurket er de hostys op Goed Freed mei in mes, mar dan begjinne de hostys te blieden. De Joaden wurde oanholden, eksekutearre en harren besit wurdt ûnteigene. It hiele ferhaal is ôfbylde op 'e brânskildere ramen yn 'e tsjerke. It barren waard alle jierren betocht mei in prosesje, mar de tradysje stoar út nei de Twadde Wrâldkriich. Yn 1977 waard in brûnzen plaat oanbrocht yn 'e tsjerke mei de folgjende tekst:
De Joodse gemeenschap van Brussel werd in 1370 beschuldigd en gestraft voor de profanatie van het H. Sacrament. Op Goede Vrijdag 1370 zou men in de synagoge gestolen hosties met een dolk doorboord hebben. Uit de hosties zou bloed gevloeid zijn. De diocesane autoriteiten van het bisdom Mechelen-Brussel hebben in de geest van het Tweede Vaticaans Concilie en na kennisname van het historisch onderzoek, in 1968 de aandacht gevestigd op het tendentieuze karakter van de beschuldiging en de legendarische voorstelling van het 'mirakel'.
De ferkleuring fan hostys kin in gefolch wêze fan in mikro-organisme, de Micrococcus prodigiosus of Serratia marcescens.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutte Grenzing-oargel yn it skip, wêrfan't de kast as in swellenêst ûnder de ferwulften hinget, waard yn oktober 2000 ynwijd. It oargel hat 4300 pipen, ferdield oer 63 registers, 4 manualen en 1 pedaal. Dit instrumint is it wurk fan 'e Dútske oargelbouwer Gerhard Grenzing en syn Spaanske meiwurkers út Barcelona. It ûntwerp fan 'e kast is fan 'e Ingelske arsjitekt Simon Platt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kathedraal van Sint-Michiel en Sint-Goedele
|
| Katedrale tsjerken yn Belgje | ||
|---|---|---|
| Aartsbisdom | Sint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal) | |
| Bisdommen | Us-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen) • Sint-Salvatorkatedraal (Brugge) • Sint-Baafskatedraal (Gint) • Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt) • Sint-Pauluskatedraal (Luik) • Sint-Albanuskatedraal (Namen) • Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik) | |
| Eardere katedralen | Sint-Donatuskatedraal (Brugge) • Sint-Lambertuskatedraal (Luik) • Sint-Martinuskatedraal (Iper) • Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy) | |
