Katedraal fan Blackburn

Ut Wikipedy
Katedraal fan Blackburn
Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Lancashire
plak Blackburn
adres Cathedral Close, Blackburn BB1 5AA
koördinaten 53° 44' N 2° 28' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Blackburn
Arsjitektuer
arsjitekt John Palmer, W.A. Forsyth, Laurence King
boujier 1826-1967
boustyl neogotyk
monumintale status Grade II listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Blackburn (Ingelân)
Katedraal fan Blackburn

De Katedraal fan Blackburn (Ingelsk: Blackburn Cathedral), offisjeel de Katedrale Marije en Paulustsjerke fan Blackburn (Cathedral Church of Blackburn Saint Mary the Virgin with St Paul), is in Anglikaanske tsjerke yn it sintrum fan 'e stêd Blackburn, yn Lancashire, Ingelân. Op it plak stiet al sûnt tûzen jier in tsjerke en de earste stiennen tsjerke datearret fan de Normandyske tiid.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel en alterromte.

It âldste diel fan 'e tsjerke is it skip fan 'e katedraal, dat út 1826 datearret en neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt John Palmer boud waard. Mei de oprjochting fan it bisdom Blackburn yn 1926 (ôfsplitst fan it bisdom Manchester) krige de grutte parochytsjerke de status fan katedraal.

Om 'e tsjerke mear yn oerienstimming te bringen mei de nije status sette yn it begjin fan 'e jierren 1930 in jildynsammelingsaksje útein om 'e tsjerke grutter te meitsjen. Yn 1938 wie der genôch jild ophelle om in begjin te meitsjen mei it wurk. De Twadde Wrâldkriich makke ynearsten in ein oan it wurk, mar neitiid gyng de bou fierder oant yn it begjin fan 'e jierren 1960. Nei it ferstjerren fan 'e arsjitekt W.A. Forsyth yn 1950 foege arsjitekt Laurence King him by it projekt en ûntwurp de opfallende krusingstoer. Dy yn 1967 foltôge achthoekige lantearne boppe de krusing bestiet út 56 ferskillende ramen mei kleurd glês en in moderne slanke spits.

Oan it wurk kaam mei de foltôging yn 1977 in ein en yn dat jier waard de katedraal ek konsekrearre.

Yn it noardlik dwersskip steane noch acht koerstuollen mei misericordes út de 15e iuw. It is net bekend wannear't de stuollen nei de katedraal kamen, mar der wurdt tocht dat se oarspronklik út de abdij fan Whalley komme. Nei de opheffing fan 'e abdijen yn Ingelân yn 'e 16e iuw troch Hindrik VIII binne se earne oars telâne kommen. Om't de tsjerke pas yn 'e 19e iuw boud waard soe dat betsjutte dat se likernôch 300 jier net brûkt binne.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal hat in ferneamd oargel, dat boud waard troch J.W. Walker & Sons Ltd en ferboud troch Wood fan Huddersfield. It oargel wurdt net allinne brûkt as ynstrumint by de liturgy, mar ek foar in soad opnames, dy't it hiele jier troch makke wurde fan de regelmjittiich útfierde konserten op it oargel.

Njonken it haadoargel is der ek noch in fjouwer registers tellend posityf fan Kenneth Tickell út 2001.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Blackburn Cathedral