Springe nei ynhâld

Katedraal fan Arundel

Ut Wikipedy
Katedraal fan Arundel
Lokaasje
lân Ingelân
greefskip West Susseks
plak Arundel
koördinaten 50° 51' N 0° 33' W
Tsjerklike gegevens
bisdom Arundel en Brighton
patroanhillige Marije, Philip Howard
Arsjitektuer
arsjitekt Joseph Hansom
boujier 1868-
boustyl Neogotyk
monumintale status Grade I listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Arundel (Ingelân)
Katedraal fan Arundel

De Katedrale Tsjerke fan Us-Leaffrou en Sint-Philip Howard (Ingelsk: Cathedral Church of Our Lady and St Philip Howard) is in roomske katedraal yn Arundel, West Susseks, Ingelân. De katedraal waard yn 1873 as de katolike parochytsjerke fan Arundel wijd en waard mei de stifting fan it bisdom Arundel en Brighton yn 1965 wijd as katedraal.

Troch it oannimmen fan 'e Conventicle Act yn 1664 waard it fieren fan 'e roomske misse yn Ingelân ferbean. Mei dy wet waarden alle religieuze gearkomsten fan mear as fiif persoanen sûnder famyljebannen en bûten it tafersjoch fan de Tsjerke fan Ingelân ferbean.

Ynterieur

It oannimmen fan 'e Roman Catholic Relief Act yn 1829 foltôge it proses yn Ingelân fan katolike emansipaasje en brocht in ein oan 'e efterstelling en beheinings fan 'e posysje fan 'e Roomsk Katolike Tsjerke yn it lân. Katoliken mochten tenei harren wer organisearje en yn 1868 joech Henry Fitzalan-Howard, de 15e hartoch fan Norfolk, de opdracht oan arsjitekt Joseph Hansom om in nije tsjerke te bouwen. De tsjerke waard boud yn 'e styl fan 'e Frânske gotyk, in populêre styl tusken 1300 en 1400, it tiidrek wêryn't it Hûs Howards en de hartoggen fan Norfolk op nasjonaal nivo in faktor fan belang waarden. It monumint wurdt beskôge as ien fan 'e moaiste foarbylden fan neogoatyske arsjitektuer fan it lân en wurdt registrearre as in monumint yn 'e earste graad.

Mei de stifting fan it bisdom Arundel en Brighton yn 1965 waard de eardere parochytsjerke in katedraal. Oarspronklik waard de tsjerke wijd oan Us-Leaffrou en Filippus Neri, mar doe't yn 1971 Philip Howard as ien fan 'e fjirtich martlers fan Ingelân en Wales hillich ferlearre waard troch paus Paulus VI en syn reliken út it kastiel nei de katedraal brocht waarden, feroare yn 1973 ek it nevenpatrocinium fan 'e tsjerke.

De katedraal is fan bakstien boud en mei kalkstien út Bath omklaaid. It giet om in grutte trijeskippige basilyk mei in dwersskip yn 'e styl fan 'e Frânske gotyk en in eastlike oriïntaasje. Fan 'e westlike tuorren waard allinne de noardlike toer oant de hichte fan it middenskip útfierd. Boppe de fiering stiet in lytse dakruter. Yn 'e gevels fan 'e transepten binne grutte maaswurkfinsters ynbrocht. De westlike gevel hat in grut roasfinster en is fierder fersierd mei de bylden fan Kristus mei de apostels en in Madonna.

It tsjerkeskip telt seis traveeën en it koer trije, dat ôfsletten wurdt mei in mearsidige apsis. De hege bundelpylders, mar krekt ûnderbrutsen troch bledkapitelen, mûnje út yn de spitsbôgen en drage in krúsgraatferwulft. De rige finsters yn 'e ljochtbeuk soargje foar mear deiljocht.

Oan 'e ein fan it noardlik transept is de skryn fan Sint-Philip Howard, dy't as martler finzen siet yn 'e Tower fan London en dêr op 19 oktober 1595 ferstoar. Philip wurdt útbylde yn Elizabetaansk kostúm mei oan syn foet syn trouwe hûn, dy't him yn 'e finzenis beselskippe.[1]

Oargel en roasfinster

Corpus Christi-feest

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein maaie of begjin juny wurdt yn 'e katedraal it Corpus Cristi-feest fierd, dat tûzenen besikers lûkt. It feest ta eare fan it lichem en bloed fan Kristus waard troch Henry Fitzalan-Howard ynsteld. Oer it middenpaad fan it tsjerkeskip wurdt in tapijt mei blommen lein. Nei de misse wurdt yn in prosesje it Hillich Sakramint oer it tapijt nei bûten droegen. Troch de mei blommen fersierde strjitten giet de prossesje dan nei Arundel Castle foar it jaan fan 'e segen.[2]

It oargel stiet op de westlike galerij en waard troch de oargelbouwer William Hill boud. Oarspronklik stie it oargel yn de St John's Church yn Islington. It waard yn 1873 troch de katedraal oankocht en dêr yn in nije kas opsteld. It ynstrumint hat 39 registers ferdield oer trije manualen en pedaal.[3] De spyl- en registertraktueren binne elektropneumatysk. Yn 2006 is it oargel troch David Wells restaurearre en safolle mooglik werom brocht yn 'e orizjinele sitewaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Arundel Cathedral