Springe nei ynhâld

Katedraal fan Ancona

Ut Wikipedy
Katedraal fan Ancona

Duomo di Ancona

Lokaasje
lân Itaalje
plak Ancona
koördinaten43°37' N 13°30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomAncona-Osimo
patroanhilligeAndréas
Arsjitektuer
boujier996-1017
boustylromaanske arsjitektuer
Webside
Side bisdom
Kaart
Katedraal fan Ancona (Itaalje)
Katedraal fan Ancona

De Katedraal fan Ancona (Italjaansk: Duomo di Ancona, Basilica Cattedrale Metropolitana di San Ciriaco) is in oan Sint-Cyriacus wijde roomsk-katolike katedraal yn Ancona yn Itaalje. It is de sit fan 'e aartsbiskop fan Ancona-Osimo. It gebou is in mingfoarbyld fan romaansk-, byzantynske en goatyske eleminten en stiet op it plak fan 'e eardere akropolis fan 'e âlde Grykske stêd, de Guasco-heuvel dy't útsjocht oer Ancona en de Adriatyske See.

De skilder Vittore Carpaccio skildere de katedraal op syn wurk Sint-Joaris en de Draak út 1502.

Krypt mei de skryn fan 'e patroanhillige.

Opgravingen fan 2016 wiisden út dat al yn 'e 3e iuw f.Kr. op it plak in timpel stie. Yn 'e 6e iuw waard dêr in kristlike tsjerke oerhinne boud.

Yn 'e jierren 995–1015 folge de bou fan in nije tsjerke, dy't de oarspronklike muorren hold en tusken de lette 12e en iere 13e iuw útwreide waard.

Yn 1883 fûn der wer in restauraasje plak.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch en by bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldoarloch rekke de tsjerke skansearre, mar beide kearen folge werbou. Fierdere skea waard feroarsake troch in ierdskodding yn 1972, folge troch in nije restauraasje.

Ynterieur.

It gebou is yn wite stien fan 'e Monte Conero boud mei apsissen oan 'e einen fan it dwersskip en in koepel boppe de krusing. Alle bûtenmuorren ha Lombardyske friezen. De klokketoer stiet op in apart plak en waard yn 1314 neamd. De toer ferfong in besteande toer út 'e lette 13e iuw.

Portaalliuw.

Foar de gevel leit in brede trep, dy't nei it romaanske portaal út de 13e iuw laat. It portaal is in rûne bôge mei fjouwer pylders, wêrfan't de foarste op liuwen fan read moarmer steane.

Under de bôgen binne fjouwer reliëfs mei de symboalen fan 'e evangelisten. It portaal wurdt oan Giorgio da Como (1228) taskreaun. It is makke fan wite stien fan 'e Monte Conero en Veroneeske reade moarmer en fersierd mei in searje pylders en ogivale bôgen mei hilligen, bisten en florale motiven. Boppe it portaal is in grut rûn raam.

De 13e-iuwske koepel heart ta de âldsten fan Itaalje. It hat in ogivale foarm mei in tolvehoekige tamboer op in fjouwerkante basis mei lytse dekorative bôgen. Tegearre mei de Antoniusbasilyk fan Padua en de Sint-Markus fan Feneesje is de koepel ien fan 'e seldsume foarbylden fan koepels op tsjerken, ynstee fan op in frijsteand baptistearium. Yn 'e 16e iuw krige de koepel in koperen laach.

De tsjerke hat in plattegrûn fan in Gryksk krús. Alle earmen binne ferdield yn in skip en twa sydskippen en ha werbrûkte romeinske pylders mei byzantynske kapitelen. De pendintiven fan 'e krusing binne fersierd mei biddende ingels yn byzantynske styl. De koepel wurdt droegen troch krúsfoarmige bundelpylders.

De sydearmen fan it dwersskip einigje yn in ferhege apsis, wylst it preesterkoer syn apsis by de 18e-iuwske útwreiding ferlear. Alle skippen hawwe beskildere houten ferwulften, dy't datearje út 'e 15e iuw. Oan it begjin fan it noardlike skip stiet it monumint foar in kriger út Fermo út 1530.

Dekoraasjes út 1189.

Yn it súdlike transept is de Krusifikskapel. Dêr binne dekoraasjes te sjen fan in balustrade út 1189 mei sgraffito-foarstellngs fan Jeremia en Habakuk, de Ivige Heit en de Hillige Faam; in ingel en Jehannes de Evangelist; Sint-Cyriacus en oan 'e rjochterkant figueren fan bisten: twa kraanfûgels op in granaatappelbeam, in earn, twa pauwen op in beam en twa griffioenen. Yn 'e krypt dêrûnder, werboud nei de ferneatiging fan 'e Twadde Wrâldoarloch, binne oerbliuwsels fan âlde bouwurken.

Genedebyld.

Yn it noardlike dwersskip is de Madonnakapel mei in ryk fersierde nis neffens in ûntwerp fan Luigi Vanvitelli yn 1739, dêr't in fereare 17e-iuwske ôfbylding fan 'e Madonna te finen is. Under de kapel is in krypt mei de oerbliuwsels fan Sint-Cyriacus (yn in moarmeren skryn), de hilligen Libearius en Marsellinus (yn Sisyljaansk jaspis) en de jiske fan Sint-Palatia. De urnen waarden ûntwurpen en útfierd tusken 1757 en 1760 troch Gioacchino Varlè.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: