Springe nei ynhâld

Katedraal fan Anagni

Ut Wikipedy
Marijekatedraal

Cattedrale di Santa Maria

Lokaasje
lân Itaalje
regio Latium
provinsjeFrosinone
plakAnagni
koördinaten41° 44' N 13° 9' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomAnagni-Alatri
patroanhilligeMarije
Webside
www.cattedraledianagni.it
Kaart
Katedraal fan Anagni (Itaalje)
Katedraal fan Anagni

De katedraal fan Anagni (Italjaansk: Cattedrale di Santa Maria Annunziata; Cattedrale di Anagni) is in katolike katedraal yn Anagni, Latium, Itaalje. It is de katedraal fan it bisdom Anagni-Alatri. De tsjerke is wijd oan 'e ferkundiging oan Marije.

De tsjerke waard yn romaanske styl tusken 1072-1104 boud. Agnani tsjinne as simmerferbliuw fan 'e pausen yn 'e 12e en 13e iuw. Bernardus fan Clairvaux (1174) en Klara fan Assisi (1255) waarden yn 'e katedraal hillich ferklearre. Freark Barbarossa waard hjir yn 1160 troch paus Aleksander III ekskommunisearre.

Ynterieur.

It ynterieur is sûnt de renovaasje fan 1250 yn goatyske styl. De flier út 1231 is fersierd mei mozaiken. Boppe it haadportaal nei de tsjerke is in 13e-iuwske Madonna mei Bern tusken de hilligen Magnus en Secondia te sjen. It siboarium op it haadalter waard foltôge troch Vassalletto yn 1267. De fresko's fan 'e apostels op 'e apsismuorren waarden yn 'e 17e iuw skildere troch Borgogna, wylst de fresko's yn 'e apsis yn 'e 19e iuw foltôge waarden troch Giovanni en Pietro Gagliardi.

Der is in houten triptyk fan 'e Ferlosser yn it rjochterskip.

Krypt.

In trep oan 'e lofterkant fan 'e tsjerke liedt nei de krypt, dy't wijd is oan Sint-Magnus, de patroanhillige fan Agnani. Yn 'e tiid fan it amt fan biskop Pandulf fan 1237 oant 1256 waarden de muorren mei fresko's fan bibelske sênes beskildere. Dêrfan binne no in protte slim skansearre. Nei alle gedachten ha in oantal keunstners yn 'e krypt wurke, wêrûnder folgelingen fan Pietro Cavallini. Efter it alter, ûnder in ôfbyld fan Kristus en de Madonna, is in ôfbylding fan Sint-Tomas en oare biskoppen te sjen. Oare alters binne wijd oan 'e hilligen Secondina, Aurelia en Neomisia; oan 'e Hillige Martelders en oan biskop Pietro da Salerno en de Hillige Faam Oliva. De mozaykflier waard yn kosmateske styl lein en yn 1231 foltôge. In smelle gong liedt nei it ek mei fresko's fersierde oratorium fan Tomas Beckett.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: