Springe nei ynhâld

Katarina fan Siena

Ut Wikipedy
Katarina fan Siena
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum25 maart 1347
berteplakSiena
stjerdatum29 April 1380
stjerplakRome
wurkpaad
kleasteroarderTredde oarder fan Dominikus
titelstsjerkelearares
hillichferklearring
sillich ferkl.29 desimber 1460
hillich ferkl.29 juny 1461
toch Pius II
fereare trochRoomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei29 April; 30 April (Romeinske Kalinder, 1628–1969); 4 oktober (yn Itaalje)
attributenyn Dominikaansk habyt, ring, leelje, toarnekroan, stigmata, krusifiks, boek, hert, skedel, do, roas, tsjerkemodel
patroan fanEuropa, Itaalje, Filipinen, Rome, Siena, sike minsken, ferpleechkundigen, waskfroulju, oanroppen tsjin fjoer, miskreamen, pine yn 'e holle en de pest

Katarina fan Siena (Siena, 25 maart 1347 – Rome, 29 april 1380) is ien fan 'e meast ferneamde mystisy fan 'e roomsk-katolike tsjerke. Hja hiel in grutte ynfloed op 'e polityk fan it 14e-iuwske Europa.

Hûs fan Katarina yn Siena.

Hja waard berne as de dochter fan 'e wolfarver Jacopo Benincasa, in man mei heech oansjen yn Siena. Hja wie it fiifentweintichste bern yn 'e hûshâlding. Har twillingsuske Giovanna ferstoar in iere dea. Sûnt har sânde wie Katarina al tige devoat en krige hja fizioenen. Fral de tawijing oan Jezus en yn it bysûnder Syn lijen joech har rjochting yn it libben.

Nei tsjinwurking waard se lid fan 'e tredde oarder fan 'e hillige Dominikus. Tusken har sechtjinde en njoggentjinde libbe hja yn in klús yn it wurkplak fan har heit. Har mem die doe, yn 1354, de spytgnyskjende útspraak "Hjoed-de-dei binne der dochs gjin hilligen mear?".

It jonge famke yn 'e "kast" moat hoe dan ek dochs yndruk makke ha, want al gau kamen der in soad minsken om nei har te harkjen en har te helpen mei har goede wurken. Katarina sammele iten en klean foar earme minsken, besocht finzenen en ferplege minsken mei besmetlike sykten.

Katarina wie 27 jier âld doe't Raymundus fan Capua, magister-generaal fan 'e Dominikanen, har geastlike liedsman of bychtheit waard. Hy soe letter har biograaf wurde. Yn 1393 redigearre er har libbensbeskriuwing, de Legenda maior.

Katarina besiket paus Gregoarius XI te oertsjûgjen werom nei Rome te gean.

Mei Raymundus van Capua hold Katarina har dwaande mei de polityk yn it lân. Ynearsten fral mei de striid tusken in soad stêden sûnder ein yn 'e omjouwing, mar letter ek mei de kontinitale polityk. Fral it feit dat de paus sûnt 1309 yn Avignon residearre yn stee fan Rome wie Katarina min nei't sin. It grutte oantal Frânske kardinalen hiene in weromreis nei Rome opkeare kind, mar Katarina wie in sterke faktor. Yn 1376 reizge Katarina nei Avignon, dêr't hja paus Gregoarius XI wist oer te heljen om it hôf wer nei Rome te ferhûzjen. Se hie dan ek in twingende persoanlikheid. As hja har sin net krige rôp se koartwei Voglio ('Ik wol it') en dat wurke faak. Hja die dit net allinnich tsjin 'e paus, mar ek tsjin in soad wrâldske hearskers of hegerein en sels út en troch tsjin God. Ta har teloarstelling keazen de kardinalen yn Avignon lykwols gewoan in nije paus. Dat wie it startpunt fan it saneamde Westerke Skisma.

It mystike houlik fan Katarina
Giovanni di Paolo (1398–1482)

Yn 1375 wie Katarina yn Pisa en dêr fielde hja net sichtbere, ynderlike ferwûnings of stigmata. Neffens sizzen krige hja dêrby de genede fan it mystike houlik mei Jezus. Tsjin 'e ein fan har libben krige hja it hert fan Jezus sels. By in ferskining roale Jezus it foar it harres.

Neffens geskriften dy't oan Katarina taskreaun wurde, hie se yn 1377 in fisioen wêryn't de Hillige Jongfaam har in stelling befêstig dy't troch de Dominikaanske oarder stipe waard, mar dy't yn tsjinspraak wie mei it lettere dogma fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis. Marije sei nammentlik dat hja mei de erfsûnde oanset wie. Kardinaal Lambertini, de lettere paus Benediktus XIV neamde yn syn De servorum Dei beatificatione et de beatorum canonizatione in oantal teologen, dy't tochten dat Katerina's útjouwers of oersten har wurden ferfalske hiene. Hy sitearre ek pater Lancicius, dy't toch dat Katerina it mis hie.

Tombe fan Katarina yn 'e Santa Maria sopra Minerva.

Har lêste jierren wenne Katarina op fersyk fan paus Urbanus VI yn Rome. Dêr hie hja in melaatske frou mei de namme Teca yn 'e hûs nommen, dy't hja har tsjinstfaam neamde. Mooglik is Katarina sels ek ferstoarn oan lepra. Yn 1380 ferstoar hja, ferlamme en swak, nei in lange fêsteltiid yn 'e âldens fan 33 jier, yn 'e selde âldens werop't Kristus ferstoar.

Nei har ferstjerren wie der in soad twifel oer har fizioenen en stigmata. De Frânske teolooch Jean de Gerson (1363-1429) wie kritysk op 'e beskriuwingen fan sawol Katarina as oare mystisi út dy tiid, lykas Birgitta fan Sweden. Hy fûn dat mystyk yn syn tiid ûntspoarde en frege him ôf hokker wearde takend wurde moast oan mystike ûnderfinings fan in seisjierrige. Hy beskreau de populêrens fan mystike ûnderfiningen ûnder religieuzen en oaren faak as dwylsinnich, wêrby't minsken troch oanhâldend te fêstjen, net te sliepen en djippe emoasjes yn hallusinaasjes en skynwaarnimmings ferfoelen. Yn sokke sitewaasjes koe in waarnommen wûnder it bewiis fan 'e eigen tinzen foarmje.

Neffens etnolooch-histoarikus Peter Jan Margry hie Katarina's mystike feriening mei God ek in eroatyske kant. Katarina krige by har mystike houlik mei Jezus in breidsring om. Dy wie net fan goud, lykas yn lettere tsjerklike tekstferzjes it dominante ferhaal waard, mar wie makke fan 'e foarhûd fan it bern Jezus, lykas Katarina sels opskreaun hie. In wiere breid, sa miende Katarina, mocht har ferienigje mei Syn lichem.

Katarina's holle yn 'e San Domenico fan Siena.

Yn 1461 ferklearre Pius II Katarina hillich. Har lichem wurdt yn in skryn ûnder it heechalter fan 'e Santa Maria sopra Minerva yn Rome bewarre, mar de holle belâne efter gouden traaljes yn in nis fan 'e San Domenico yn Siena. Ien fan har fuotten is de belangrykste relikwy fan 'e San Zanipolo yn Feneesje. Ek har âldershûs yn Siena is hjoed-de-dei in tsjerke.

Yn 1866 waard Katarina útroppen ta patrones fan Rome en yn 1930 fan Itaalje. Tegearre mei Teresia fan Ávilla waard Katarina troch paus Paulus VI as earste frou ta tsjerkelearares útroppen. Paus Jehannes Paulus II beneamde Katarina mei Birgitta fan Sweden en Edith Stein ta patrones fan Europa. Fierder is hja de patroanhillige fan 'e Dominikanessen fan 'e Tredde Oarder, fan 'e waskfroulju en fan stjerrende minsken.

Har feestdei falt op 29 april.

Fan Katarina binne 381 brieven bewarre bleaun. Hja skreau mei tsjerklike lieders, mar ek mei manlju en foulju fan alle stannen. Haar haadwurk is de Dialooch fan 'e Godlike Foarsjenning (1378). Yn in fisioen waard hja oantrune ta it skriuwen fan dat boek. Hja beskriuwt yn dat wurk yn faak byldzjende taal oer it sykjen nei wierheid, Kristus' empaty mei de wrâld, it mystike libben fan 'e Tsjerke en it folbringen fan Gods foarsjennichheid. Dêrnjonken binne ek 26 gebeden fan har oerlevere.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: