Springe nei ynhâld

Kasuarissen

Ut Wikipedy
Kasuarissen
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:âldkakigen (Palaeognathae)
skift:kasuariseftigen (Casuariiformes)
famylje:kasuarisfûgels (Casuariidae)
skaai:Kasuarissen (Casuarius)
Brisson, 1760

Kasuarissen (Casuarius) binne in skaai fan grutte rinfûgels út de famylje kasuarisfûgels (Casuariidae). In kasuaris is in foarse fûgel sûnder wjukken. Se libje yn 'e reinwâlden fan Austraalje, Nij-Guineä en oanbuorjende eilannen. Kasuarissen binne omnivoaren en sykje nei fruit op 'e grûn en yn leechhingjende tûken, mar ek nei poddestuollen, ynsekten, kikkerts, slangen en oare lytse bisten steane. In helmkasuaris kin 40 oant 50 jier wurde.

It skaai bestiet út trije tige ferlykbere soarten. Se ha allegear in helderblauwe hals en kop en wurde 1 oant 1,70 m grut. De piken binne brún mei donkerbrune streken. Oer it generaal is it wyfke grutter en swierder en helderder fan kleur. Nei in jier binne de fûgels folgroeid en hawwe se it swarte fearrekleed fan 'e folwoeksen fûgel. De noardlike of oranjehalskasuaris en de dwerchkasuaris binne relatyf ûnbekende fûgels. Sels oer de gewoane of súdlike kasuaris fan Queensland, Austraalje, is net in soad bekend, alhoewol't it de tredde grutste fûgel is nei de strúsfûgel en de emoe.

Hy wurdt 1,50 oant 1,60 m lang en weaget likernôch 60 kg. De fûgels yn it skaai hawwe allegear in helm; in bonkeëftige, poreuze struktuer op 'e kop. It is net hielendal dúdlik hokker doel dy helm hat. Hypotezes binne dat de fûgel de helm brûkt om de kop te beskermjen as de fûgel troch de begroeiïng strúnt, it in helpmiddel is by temperatuerregeling of as lûdsfersterking tsjinnet. De fuotten hawwe trije teannen, wêrfan de binnenste tean in skerpe klauw hat. De fûgels kinne goed rinne en helje 50 km/oere. Se kinne 1,50 m heech springe en binne poerbêste swimmers.

Der wurde 3 libbene soarten erkend:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingIUCN-status/
Trend
helmkasuarisCasuarius casuariusNij-Guineä
Queensland (Austraalje).
net bedrige
[1]
oranjehalskasuarisCasuarius unappendiculatusNij-Guineä
guon oanbuorjende eilannen.
net bedrige
[2]
dwerchkasuarisCasuarius bennettiNij-Guineä
Japen, Nij-Brittanje.
net bedrige
[3]

Der is ek in fossile soarte bekend, de lydekkerkasuaris of Lydekkers kasuaris (Casuarius lydekkeri), út it Pleistoseen fan Austraalje en Papoea Nij-Guineä.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: