Springe nei ynhâld

Kastiel fan Combourg

Ut Wikipedy
Kastiel fan Combourg
Lokaasje
lân Frankryk
regioBretanje
plakCombourg
Skiednis
stifterAartsbiskop Guinguené
stiftingsjier11e iuw
boujier12e iuw
Oars
tagonklikensiepen foar publyk
monumintale statusMonument Historique
Webside
www.chateau-combourg.com
Kaart
Kastiel fan Combourg (Frankryk)
Kastiel fan Combourg

It kastiel fan Combourg is in kastiel yn Combourg yn 'e Frânske regio Bretanje.

De bou fan it kastiel begûn om 1025 hinne as in fêsting op in heuvel oan it Lac Tranquille yn opdracht fan Guinguené, aartsbikop fan Dol, foar syn broer Rivallon, de earste hear fan Combourg.

Fan 'e 12e oant de 15e iuw waard it kastiel útwreide mei ferskate tuorren en ferdigeningswurken. It kastiel hie as doel de lânsgrinzen fan Bretanje te beskermjen en de ûnôfhinkliens fan it hartochdom te ferdigenjen tsjin Normandje en letter Frankryk,

Byld by it kastiel fan François-René de Chateaubriand.

Yn 1761 kocht René-Auguste de Chateaubriand (1718-1786) it kastiel oan. Syn soan François-René de Chateaubriand (1768-1848) brocht dêr syn jongerein troch en waard letter in ynternasjonaal bekende skriuwer. Yn syn "Mémoires d’outre-tombe" beskreau er it kastiel.

It kastiel waard yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje plondere, yn 'e brân stutsen en der folge ûnteigening, sadat it foar in skoft leech kaam te stean. René-Auguste de Chateaubriand ferstoar trije jier foar it útbrekken fan 'e revolúsje, mar syn djip-katolike frou Apolline de Bédée (1726-1798) waard finzen set en nei de fal fan Robespierre (1794) wer frijlitten. Har soan François-René de Chateaubriand flechte nei it bûtenlân en har âldste soan Jean-Baptiste belâne tegearre mei syn frou en oare leden fan syn skoanfamylje yn Parys ûnder de guillotine.

It teheistere kastiel waard yn 1796 oan 'e ferearme famylje weromjûn, mar koe net mear bewenne wurde en dat soe sa noch in skoft bliuwe. De erfgenaam fan 'e yn 'e Terreur eksekutearre Jean-Baptiste, Louis Geoffroy (1790-1873), wie doe mar sân jier âld. Hy waard grut brocht troch in omke yn Verneuil en besocht it kastiel wol, mar wenne der nea. In seal fan it kastiel waard iepensteld om dêr ûnderwiis te jaan oan bern fan Combourg.

Troch it boek "Mémoires d'outre-tombe" fan François-René de Chateaubriand krige it kastiel in soad bekendheid. Geoffroy de Chateaubriand (1828-1889), in pakesizzer fan Jean-Baptiste, sette yn 'e jierren 1875-1876 útein mei in grutte restauraasje fan it kastiel yn neogoatyske styl. De restauraasje waard útfierd troch Ernest Thrile dy't him bynfloedzje liet troch de styl fan Eugène Viollet-le-Duc. Sûnt bleau it kastiel yn it besit fan 'e famylje.

It kastiel bestiet út fjouwer foarse boudielen mei kantelen en tuorren om in rjochthoekige binnenhôf. Om it kastiel lei in Ingelske tún fan likernôch 25 hektare. Yn it kastiel binne keamers en meubilêr te sjen fan 'e eardere aadlike besitters fan it kastiel.

It kastiel is iepen foar publyk, mar net it hiele jier troch.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: