Kastiel Rheinfels
Kastiel Rheinfels | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Sankt Goar | |
koördinaten | 50°9'N 7°42'E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 1245 | |
ferneatiging | 1797 | |
hjoeddeiske steat | ruïne | |
Oars | ||
hjoeddeisk gebrûk | Hotel, museum | |
tagonklikens | iepen foar publyk | |
Webside | ||
www.schloss-rheinfels.de | ||
Kaart | ||
It kastiel Rheinfels (Dútsk: Burg Rheinfels) is in ruïne fan in kastiel oan 'e Middenryn by Sankt Goar yn Dútslân. It kastiel is sûnt 2002 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kastiel waard yn 1245 troch greve Diether V fan Katzenelnbogen as tolkastiel boud. Al yn 'e jierren 1255-1256 moast it kastiel ferdigene wurde tsjin in belis fan it Rynlânske Stêdebûn, dy't fan doel wie om it bolwurk fan Fan Katzenelnbogen te ferneatigjen om in ein te meitsjen oan 'e tolheffing. Yn 'e 13e en 14e iuw waard Rheinfels útboud ta de residinsje fan it Benedengreefskip Katzenelnbogen.
Nei it útstjerren fan it laach fan de Katzenelnbogen ferfoel it kastiel yn 1479 oan 'e lângreven fan Hessen. It kastiel waard troch de lângreven ta in fêsting útboud. De wurksumheden waarden yn 1527 ôfsletten. Lângreve Filips II joech ein 16e iuw opdracht om it kastiel tsjin hege kosten om te bouwen ta in renêssânsepaleis.
Spaanske troepen besochten yn 1621 om 'e nocht it kastiel yn hannen te krijen, mar yn 1626 yn de Hessyske Kriich tusken de twa tûken fan it Hûs Hessen oermastere it Hûs Hessen-Darmstadt it kastiel. Oant 1647 bleau de fêsting yn it besit fan it Hûs Hessen-Darmstadt, dat as residinsje fan 'e lângreve Georg II tsjinne. Yn dat jier wist it hûs Hessen-Kassel it kastiel werom te feroverjen.
As ien fan 'e seldsume fêstings oan 'e Ryn waard Rheinfels yn 'e Paltske Suksesjekriich om 'e nocht belegere en net ferneatige. 28.000 Frânske soldaten wiene net by machte om it kastiel te oermasterjen. Ek by in oare oanfal yn 1734 hold it kastiel stân. Yn 1794 moast it kastiel lang om let belies jaan en oerdroegen wurde oan 'e troepen fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV. De Frânsen blaasden yn 1797 de berchfrede en it paleis op en lieten de bûtenste ferdigeningswurken ôfbrekke.

Sûnt 1818 tsjinne it ruïnekompleks as stiengroeve foar de werbou fan 'e fêsting Ehrenbreitstein by Koblenz. Yn 1843 kocht prins Willem fan Prusen, de lettere keizer Wilhelm I, it midsiuwske diel fan 'e ruïne. Plannen om in diel wer op te bouwen neffens in ûntwerp fan 1844 waarden net útfierd.
Sûnt 1924 is de ruïne eigendom fan 'e Stêd Sankt Goar, dy't him dêrby ferplichte de ruïne net troch te ferkeapjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|