Kastiel Nürburg
Kastiel Nürburg | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Nürburg | |
adres | Burgplatz | |
koördinaten | 50°20' N 6°57' E | |
Skiednis | ||
stifter | 1166 | |
hjoeddeiske steat | ruïne | |
Oars | ||
type | hichtekastiel | |
tagonklikens | tagonklik foar publyk | |
Webside | ||
www.hocheifel-nuerburgring.de | ||
Kaart | ||
De Nürburg is de ruïne fan in kastiel yn 'e Eifel by it plak Nürburg súd fan Adenau yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kastiel stiet op in hichte fan 676,5 boppe seenivo op in fulkaankegel noardlik fan 'e Nürburgring en kin tsjin in fergoeding besocht wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kastiel waard foar it earst yn 1166 as "Noureberg" of "Mons Nore" neamd, mar nei alle gedachten bestie dêr al yn 'e Romeinske tiid in wachtpost om de belangrike Romeinske strjitte troch de Eifel te befeiligjen.
As bouwer fan 'e Nurbürg wurdt de greve Ulrik oanwiisd, dy't yn in oarkonde út it jier 1169 waard neamd, alhoewol't syn heit Diderik I fan Are al op 'e berch mei de bou fan in frijboarch útein sette. Ulrik's neiteam neamde him "hear fan Nürburg en Are" en hja wiene lienmannen fan 'e Keulske aartsbiskoppen en de Staufyske keizers.
Om't it greveskaai útstoar gie it kastiel yn 1290 oer yn it besit fan Kar-Keulen, dy't in behearder ynsette om de belangen fan it aartsbisdom te fertsjintwurdigjen.
De bou fan it kastiel folge yn trije fazes. Nei de bou fan it rjochthoekige kastiel waard tusken 1340 en 1369 in twadde fersterkingsring boud en yn 'e 15e iuw ûnstie in tredde ring, dy't hjoed-de-dei net mear bestiet.
It kastiel wie yn 'e 16e iuw al yn in tige minne steat, dêr't de behearders fan it kastiel oer klagen. Dêrfandinne fûnen der ferskillende restauraasjes plak.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich waard de Nürburg yn 1633 troch Sweedske troepen oermastere, plondere en skansearre. Yn 1674 folge de ynname fan it kastiel troch keizerlike troepen. De Frânsen feroarsaken yn 1689 de definitive ferneatiging fan it kompleks. De grutte toer bleau ynearsten noch as finzenis yn gebrûk, mar stie nei 1752 ek leech. It kastiel waard dêrnei allinne noch as groeve brûkt.
Yn 1818 liet Prusen de toer wer restaurearje om dêr in meetstasjon yn ûnder te bringen. Yn it ramt dêrfan waard de foarboarch ôfbrutsen. Allinne de resten fan 'e ringmuorre tsjûgje no noch fan it bestean dêrfan.
It kastiel kaam yn 1949 yn it besit fan 'e dielsteat. Yn 1968-1974 en 1988-1989 en yn 2014 waarden restauraasjes útfierd. De 20 m hege toer is as útsjoechtoer tagongklik.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Nürburg (Burg)
|