Springe nei ynhâld

Kaspyske wilster

Ut Wikipedy
Kaspyske wilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus asiaticus
Pallas, 1773
IUCN-status: net bedrige

De Kaspyske wilster (Anarhynchus asiaticus, synonym Charadrius asiaticus) is in waadfûgel út 'e famylje fan wilsterfûgels (Charadriidae).

Kaspyske wilster as dwaalgast yn Yndia.

De Kaspyske wilster wurdt 19 oant 21 sm lang. Yn 'e briedtiid is it mantsje goed te werkennen troch it oranjebrune boarst, dat ûnder mei in smelle swarte bân ôfset wurdt. Fierder hat de fûgel sawol yn as bûten de briedtiid in opfallend brede wite eachstreek. Jonge fûgels, wyfkes en folwoeksen mantsjes bûten de briedtiid ha in soad fan 'e woastynwylster (Anarhynchus leschenaultii) en de Sibearyske sânwilster (Anarhynchus mongolus). Dy soarten binne like grut en ek meast griisbrún. De Kaspyske wilster is lykwols eleganter fan foarm en hâlding mei spitse wjukken.

De fûgel komt foar yn iepen en drûch gerslân, mar ek sâlte gebieten yn Sintraal-Aazje, fral noardlik en eastlik fan 'e Kaspyske See en fierder yn Kazachstan en oant yn Noardwest-Sina. Hy oerwinteret yn Afrika. De soarte is net ferdield yn ûndersoarten.

Yn West-Europa is de fûgel in seldsume swalker.

Kaspyske wilsters ha in grut ferspriedingsgebiet. Dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. De populaasje wurdt der lykwols fan fertocht stadich ôf te nimmen. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2016 op 40.000 oant 55.000 fûgels rûsd.

De grutste bedriging foar dizze soarte is de ferneatiging fan natuerlike steppes en greidlannen troch oerbeweiding en yntinsivere lânboupraktiken, benammen yn it Jeropeeske briedgebiet fan syn ferspriedingsgebiet (del Hoyo et al. 1996), dêr't de soarte no as regionaal útstoarn beskôge wurdt (BirdLife International 2015).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: