Kasaï (rivier)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rin fan de Kasaï

De Kasaï (ek Kassaby, Ibary, Nkutu, Kassai en yn it Portugeesk Cassai neamd) is in 2.272 km lange rivier yn Sintraal-Afrika dy't ûntspringt yn it heechlân fan Angoala ûnder de name Rio Casai. Oer sa'n 400 km is er de grins tusken Angoala en de Demokratyske Republyk Kongo (DRC). Hy streamt nei it noaren troch Kongo en mûnet út yn de Kongo.

Nei it begjin fan it reinseizoen yn oktober giet it wetterpeil fan de Kasaï mei sa'n fjouwer meter omheech. At it wetterpeil op syn heechst is lost de rivier in 12.000 m³ wetter de sekonde yn de Kongo. It ôfwetteringsgebiet fan de Kasaï beslacht 881.890 km².

Transport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lingte fan it befarbere diel is sa'n 3.500 km, sydrivieren meirekkene. De haadrivier is oant de Wissmann-wetterfal te befarren. Dêrtroch kin de Kasaï brûkt wurde foar de binnefeart fan de Kongorivier oant Kwamouth, op it stik dat Kwa hjit oant Mushie en dêrnei op de Kasaï tot Ilebo en fierder oant Djokupunda. Der is in spoar oanlein om Djokupunda mei Makumby te ferbinen[1].

Fanôf Makumby is de rivier wer befarber oant it suden fan Tshikapa. Der is in febining mei ienfâldige iepen boaten fan Tshikapa mei Makumby[2].

Foarneamste sydrivieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Angoala, fan de boarne oant de Kongoleeske grins

Fan de Angoleeske grins oant Tshikapa

Fan Tshikapa oant Ndjoko-Punda

Fan Ndjoko-Punda oant Ilebo

Fan Ilebo oant de rivier Kongo

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Georges 1925
  2. Mpisi 2008, s. 103