Karrehûnewet

De Karrehûnewet 1910 (Stb. 203) is in Nederlânske wet út 1911. De wet wie fan krêft oant 1 jannewaris 1963 doe't de Wet op de dierebeskerming yngie. Op 1 jannewaris 1962 lykwols gie it ferbod op it gebrûk fan karrehûnen yn. De lêste 26 bisten, wêrfan't 11 yn de gemeente Staphorst, waarden definityf útspand.
De Karrehûnewet regele it brûken fan hûnen by in hûnekarre. De wet makke ûnderskied tusken de hâlder en de begelieder fan in hûnekarre. De hâlder hie in fergunning nedich en dat waard registrearre yn it hûnekarregister. De hûn, it túch en de karre moasten alle jierren kard wurde.
Om sa'n fergunning te krijen (en te ferlingjen) moast oan allerhanne foarskriften foldien wurde.
- De hûnekarre moast in drinkbak en in planke om op te lizzen hawwe.
- Der wiene foarskriften as it giet om it meitsjen en de ôfmjittings fan it hûnetúch.
- De hûn moast op syn minst ien jier âld wêze en in minimale skofthichte hawwe fan 60 sm (oant 1 septimber 1914 wie dat 50 sm).
- Der mochten net mear as trije hûnen foar de karre.
Tsjintwurdich jildt yn Nederlân de Frijstelling slidehûnesport, wêryn't in frijstelling op it yn de Sûnens - en wolwêzenswet foar bisten regele wurdt. [1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |