Springe nei ynhâld

Karnataka

Ut Wikipedy
Karnataka
ಕ ನಾ೯ಟಕ
Dielsteat fan Yndia
It Paleis fan Mysore, ien fan de grutste attraksjes fan 'e steat.
It Paleis fan Mysore, ien fan de grutste attraksjes fan 'e steat.
Symboalen

Algemien
LânYndia
HaadstêdBangalore (Bengaluru)
Grutste stêdBangalore
Distrikten31
Befolking
Ynwennertal61.130.704 (2011)
Befolkingsticht.319 ynw./km²
TalenKannada (offisjeel)
ReligyHindoeïsme 84,0%
Islam 12,9%
Kristendom 1,9%
Geografy
Oerflak191.791 km²
Heechste punt0 - 1.930 m
Oar
Stifting1 novimber 1956
ISO 3166-2IN-KA
TiidsôneIST (UTC+5:30)
Offisjele webside
karnataka.gov.in
Kaart
It Paleis fan Mysore, ien fan de grutste attraksjes fan 'e steat.
Lokaasje fan Karnataka yn Yndia

Karnataka is in dielsteat yn it súdwesten fan Yndia. De steat waard op 1 novimber 1956 oprjochte as de Steat Mysore en yn 1973 omdoopt ta Karnataka. De steat leit oan 'e kust fan 'e Arabyske See en de Lakkadivensee en grinzget oan Goä yn it noardwesten, Maharashtra yn it noarden, Telangana yn it noardeasten, Andhra Pradesh yn it easten, Tamil Nadu yn it súdeasten en Kerala yn it suden.

Jog-wetterfal.

Karnataka kin rûchwei ferdield wurde yn trije regio's:

  • De smelle kuststripe oan 'e Arabyske See.
  • It heuvellân fan 'e West-Ghats, bekend om syn reinwâlden en kofjeplantaazjes.
  • De iepen flakte fan it Dekkan-plato dy't it grutste part fan it binnenlân beslacht.

De wichtichste rivieren binne de Kaveri en de Krishna, dy't beide nei it easten streame en yn 'e Golf fan Bingalen útmûnje. De Jog-wetterfal is ien fan 'e heechste wetterfallen fan Yndia.

Karnataka hat in rike skiednis dy't tûzenen jierren tebek giet. Grutte riken hawwe hjir harren oarsprong fûn, lykas it Badami Chalukya-ryk, de Rashtrakuta's en it machtige Vijayanagararyk.

Hampi.

Yn 'e 14e iuw waard it Vijayanagararyk stifte mei as haadstêd Hampi. Dit wie yn dy tiid ien fan 'e grutste en rykste hannelsstêden fan 'e wrâld. De ruïnes fan Hampi binne hjoed-de-dei UNESCO-wrâlderfgoed en wurde toeristen út de hiele wrâld besocht.

Britske tiid en Modern Karnataka

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letter kaam it gebiet foar in grut part ûnder it bestjoer fan it Keninkryk Mysore, dat ûnder lieding fan Hyder Ali en Tipu Sultan fûleindich focht tsjin de Britten. Nei de Yndiaaske ûnôfhinkens waarden de ferskate Kannada-sprekkende gebieten gearfoege ta de hjoeddeistige dielsteat.

De mearderheid fan de befolking praat it Kannada, in Dravidyske taal mei in eigen skrift. Karnataka is in kultureel krúspunt; yn it noarden is de ynfloed fan de Hindûstaanske muzyk grut, wylst it suden de basis is fan 'e Karnatyske muzyk.

It hindoeïsme is de dominante religy, mar Karnataka hat ek in lange tradysje fan it Jaïnisme. In soad fan 'e âldste monuminten yn 'e steat binne Jaïnistyske timpels (basadi's), lykas it ûnbidich monolityske byld fan Bahubali yn Shravanabelagola.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bestjoerlike struktuer fan Karnataka is ferdield yn fjouwer divyzjes (regio's): Belagavi, Kalaburagi, Bengaluru en Mysuru. Dizze divyzjes binne fierder ûnderferdield yn 31 distrikten. Op lokaal nivo wurdt de steat bestjoerd troch sub-divyzjes en taluka's (gemeenten). It plattelân is organisearre yn Gram Panchayats, wat doarpsbestjoeren binne dy't ferantwurdlik binne foar de lokale foarsjennings.

Kaart fan Karnataka.
DistriktHaadplakOerflak (km²)Inwennertal (2011)
Belagavi Divyzje (Totaal ynwenners: 14.803.951)
BagalkotBagalkot6.5781.889.752
BelagaviBelagavi13.4154.779.661
DharwadDharwad4.2601.847.023
GadagGadag4.6561.064.570
HaveriHaveri4.8231.597.668
Uttara KannadaKarwar10.2911.437.169
VijayapuraVijayapura10.4942.188.108
Kalaburagi Divyzje (Totaal ynwenners: 11.516.761)
BallariBallari4.2521.400.970
BidarBidar5.4481.703.300
KalaburagiKalaburagi10.9512.566.326
KoppalKoppal7.1891.389.920
RaichurRaichur6.8291.928.812
YadgirYadgir5.2341.174.271
VijayanagaraHosapete5.6441.353.162
Bengaluru Divyzje (Totaal ynwenners: 22.544.225)
Bangalore UrbanBangalore2.1909.621.551
Bangalore RuralBangalore2.259990.923
ChikkaballapurChikkaballapur4.5241.255.104
ChitradurgaChitradurga8.4401.659.456
DavanagereDavanagere5.9241.945.497
KolarKolar3.9691.536.401
RamanagaraRamanagara3.5561.082.636
ShivamoggaShivamogga8.4771.752.753
TumakuruTumakuru10.5972.699.904
Mysuru Divyzje (Totaal ynwenners: 12.665.767)
ChamarajanagarChamarajanagar5.1011.020.791
ChikkamagaluruChikkamagaluru7.2011.137.961
Dakshina KannadaMangaluru4.5582.089.649
HassanHassan6.8141.776.426
KodaguMadikeri4.102554.519
MandyaMandya4.9611.805.769
MysuruMysuru6.8543.001.127
UdupiUdupi3.8801.279.525
Totaal Karnataka191.79161.130.704

Toerisme en Erfgoed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Hampi steane de oerbliuwsels fan 'e haadstêd fan it Vijayanagararyk, mei stiennen timpels en hannelsstrjitten. Mysore is bekend om it Mysore Palace, in gebou yn 'e Yndo-Saraseenske styl dat de sit wie fan 'e Wodeyar-dynasty.

Gommateshwara.

Timpelarsjitektuer is te finen yn Badami, Aihole en Pattadakal mei hûnderten timpels út de 5e oant de 8e iuw, wêrûnder yn 'e rotsen úthoude grottimpels. Yn Shravanabelagola stiet it 17 meter hege monolityske byld fan Gommateshwara, in wichtich beafeartsoard foar it jaïnisme.

Belur en Halebidu hawwe timpels fan it Hoysala-ryk dy't opfalle troch it detaillearre byldhouwurk yn sêfte stien. De kuststêd Gokarna is in lokaasje mei timpels dy't wijd binne oan Shiva.

It lânskip fan Karnataka wurdt bepaald troch de kustline, it Dekkan-plato en de berchketen fan 'e West-Ghats.

De Jog-wetterfal is in wetterfal yn it distrikt Shimoga dêr't de rivier de Sharavathi oer in hichte fan 253 meter nei ûnderen falt. De regio's Kodagu en Chikkamagaluru lizze yn it heuvellân en wurde karakterisearre troch kofjeplantaazjes en reinwâlden.

De kustregio oan 'e Arabyske See bestiet út sânstrannen en estuaria fan rivieren dy't út de West-Ghats wei komme.

Nasjonale parken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oaljefanten yn Bandipur.
  • Nasjonale Park Nagarhole (Nasjonaal Park Rajiv Gandhi): leit yn 'e distrikten Kodagu en Mysuru. It wurdt fan Bandipur skieden troch de rivier de Kabini. It lânskip omfettet tichte bosken, streamkes en dellingen. Njonken tigers en oaljefanten komme hjir ek de panter en de gaur (Yndyske bison) foar.
Reinwâlden fan Anshi.
  • Nasjonale Park Anshi (Tigerreservaat Kalie): dit park leit yn it distrikt Uttara Kannada, tichtby de grins mei Goä. It is in gebiet mei fochtige tropyske reinwâlden. It is ien fan 'e pear plakken dêr't de swarte panter yn it wyld sjoen wurde kin.
  • Nasjonale Park Kudremukh: leit yn 'e West-Ghats, ferspraat oer de distrikten Chikkamagaluru en Dakshina Kannada. It park is neamd nei de karakteristike berchtop dy't de foarm fan in hynder (kudre) hat. It gebiet bestiet út berchgreiden en "shola"-bosken en is in wichtich leefgebiet foar de liuwesturtmakaak, in bedrige apesoarte.
  • Nasjonaal Park Bannerghatta: dit park leit oan 'e súdkant fan 'e stêd Bangalore. In diel fan it park is ynrjochte as biologyske tún mei in safarypark en in flintertún, wylst it oare diel út wyldernis bestiet dêr't oaljefanten frij omrinne yn 'e korridor tusken ferskate boskgebieten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia
Dielsteaten

Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen

Unyterritoaria

Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry

· · Berjocht bewurkje