Springe nei ynhâld

Karmozyntangare

Ut Wikipedy
Karmozyntangare

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiholsnaffeltangaren (Ramphocelus)
soarte
Ramphocelus dimidiatus
Lafresnaye, 1837
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De karmozyntangare (Ramphocelus dimidiatus) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat folle minder).

It mantsje fan 'e karmozyntangare is foar it grutste part in fluwielreade fûgel. De fûgel hat in karmynreade kleur op 'e flanken en it boppeste diel fan 'e stút en in donkerder, fluwielreade kop. De snaffel is sulvergriis. De wjukken en sturt binne swart. It wyfke is doffer readbrún.

De fûgelsoarte is ferdield yn fiif ûndersoarten mei de folgjende geografyske fersprieding:

  • Ramphocelus dimidiatus isthmicus – tropysk West- en Sintraal-Panama (eastlik oant Río Chepo)
  • Ramphocelus dimidiatus arestusCoiba (Panama)
  • Ramphocelus dimidiatus limatusPeareleilannen (Panama)
  • Ramphocelus dimidiatus dimidiatus – meast eastlike diel fan Panama (Darién) oant Noard-Kolombia en West-Fenezuëla
  • Ramphocelus dimidiatus molochinus – Noard-Kolombia (övre Magdalena)

Yn 'e regel is de ûndersoarte isthmicus de nominaatfoarm.

De karmozyntangare libbet yn leechlân en útrinners fan heuvels oant in hichte fan 1.300 m. Meastentiids wurde se yn lytse groepen waarnommen yn strewellen, iepen gebiet en jong bosk.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. De IUCN beskôget de soarte dêrom as net bedrige (LC, 2021). De hiele populaasje wurdt op likernôch in heal oant fiif miljoen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: