Springe nei ynhâld

Karmozynkopkardinaal

Ut Wikipedy
Karmozynkopkardinaal
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekardinaalfûgels (Cardinalidae)
skaaipiranga's (Piranga)
soarte
Piranga rubriceps
(Gray, 1844)
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Karmozynkopkardinaal (Piranga rubriceps) is in fûgelsoarte yn 'e kardinaalfûgels (Cardinalidae) fan it skaai Piranga's.

De fûgel hat in opfallend fearrekleed, giel mei in ierbeireade kop en donkere wjukken mei giele rânen op 'e fearren. It reade fan it mantsje it útwrydsker as by it wyfke. Syn sang bestiet út koarte útbarstings fan dúdlike, hege toanen, dy't ferrassend fier oer de berchhellingen klinke.

De fûgel komt foar yn 'e Andes fan Kolombia en noardeastlik Perû (Huánuco). De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat hy net yn ûndersoarten ferdield is.

It skaai Piranga waard earder yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae) set, mar DNA-stúdzjes hawwe oantoand dat it eins kardinaalfûgels binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje, de reade kardinaal.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De karmozynkardinaal is in seldsume fûgel fan dizewâlden op hichten fan 1.310 en 3.520 m. Faak libbet de fûgel yn pearkes, lytse groepkes of mingde groepen, meastentiids yn 'e hege beamlagen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt. De ôfname is lykwols net bot genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen en dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: