Springe nei ynhâld

Karin Enke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karin Kania)
Karin Enke
sporter
Karin Enke (1983)
Karin Enke (1983)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karin Enke
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 20 juny 1961
berteplak Dresden
lingte 1.80 m
gewicht 72 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Lake Placid 1980,
Sarajevo 1984,
Calgary 1988
debút 1978
karriêre-ein 1988
wichtige prestaasjes
3x goud Olympyske Spullen 1980, 1984
4x sulver Olympyske Spullen 1984, 1988
1x brûns Olympyske Spullen 1988,
5x goud WK Allround 1982, 1984, 1986, 1987, 1988
2x sulver WK Allround 1981, 1983
6x goud WK sprint 1980, 1981, 1983, 1984, 1986, 1987
2x sulver WK sprint 1982, 1988

Karin Enke (Dresden, 20 juny 1961) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam se út foar it doetiidske East-Dútslân. Se is ek wol bekend ûnder har troude nammen Karin Busch, Karin Kania en Karin Richter.

Enke begûn op jonge leeftiid as keunstridster, en waard by de Europeeske kampioenskippen fan 1977 sels njoggende. Har lingte wie lykwols in neidiel by it keunstriden, en fan 1978 ôf gie se har dêrom rjochtsjen op it langebaanriden. Mei sukses, twa jier letter waard se sawol wrâldkampioen sprint as olympysk kampioen op de 500 meter.

Enke soe yn totaal alve wrâldtitels winne, seis op it sprint kampioenskip en fiif op it allround kampioenskip. Se die trije kear mei oan de Olympyske Winterspullen (1980, 1984 en 1988)

Enke ried by har reedrydkarriêre wrâldrekôrs op de 500, 1000, 1500 en 3000 meter. Benammen de 1.59,30 op de 1500 meter, dy't se op 22 maart 1986 op Medeo de iisbaan fan Alma-Ata ried, is ferneamd. Net allinnich wie Enke de earste frou dy't ûnder de twa minuten dûkte, it rekôr soe has tolve jier oant 29 novimber 1997 stean bliuwe, doe't Catriona Le May-Doan op de Olympic Oval yn Calgary 1.57,87 ried.

Op 3 jannewaris 2010 die Giselher Spitzer (in Dútske sporthistoarikus en ûndersiker fan de Berlynske Humboldt-universiteit) yn it skiednisprogramma Andere Tijden op basis fan Stasi-dokuminten út de doeken dat de East-Dútske reedrydster Enke yn 1984 preparearre wie mei doping.[1]

Persoanlike rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 39,24 22 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympyc, Calgary
1000 meter 1.17,70 26 jannewaris 1988 flagge fan Kanada Olympyc, Calgary
1500 meter 1.59,30 22 maart 1986 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
3 km 4.17,76 5 desimber 1987 flagge fan Kanada Olympyc, Calgary
5 km 7.39,82 22 maart 1986 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
jier EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1980 17 Goud 500 m, Goud
1000 m, 4e
1981 Sulver Sulver Goud
1982 Sulver Goud Sulver
1983 Sulver Sulver Goud
1984 Goud Goud 500 m, Sulver
1000 m, Goud
1500 m, Goud
3 km. Sulver
1986 Goud Goud
1987 Goud Goud
1988 Goud Sulver 500 m, Brûns
1000 m, Brûns
1500 m, Sulver
3 km. 4e

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE