Springe nei ynhâld

Karibyske flamingo

Ut Wikipedy
Karibyske flamingo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftflamingo-eftigen (Phoenicopteriformes)
famyljeflamingofûgels (Phoenicopteridae)
skaaigrutte flamingo's (Phoenicopterus)
soarte
Phoenicopterus ruber
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De Karibyske flamingo (Phoenicopterus ruber) of de is in grutte fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). It is de iennichste flamingosoarte dy't fan natuere yn Noard-Amearika foarkomt. Fan alle flamingosoarten hat er de meast felle fearren.

Fleanende reade flamingo's.

De Karibyske flamingo is in grutte fûgel fan likernôch 120 oant 145 sm heech. De fearren binne opfallend rôze oant read. Yn 'e flecht is te sjen dat de slachpinnen swart binne. De poaten binne folslein rôze of read. De snaffel is ljocht fan kleur (wyt-gielich oant oranje) mei in dúdlike swarte punt en it each is giel.

Piken dy't krekt út it aai komme, sitte in griis-wyt dûns en ha noch in rjochte snaffel. As se harren earste echte fearren krije, binne dy folslein griis-brún. Se misse it rôze pigmint noch folslein. De poaten fan 'e juvenilen binne donkergriis oant swart. Nei twa oant trije jier begjinne de fearren stadichoan rôze te wurden. It duorret faak oant it fjirde of fyfte jier foardat se de folsleine, felle reade kleur fan in folwoeksen fûgel hawwe. By juvenilen is it each yn it begjin noch brún oant griis.

De soarte komt foar yn 'e tropyske dielen fan Sintraal-Amearika, de Kariben en Floarida:

Se libje benammen yn sâlt wetter, lykas lagunes, draslannen en sâltpannen.

Juvenilen.

Karibyske flamingo's binne tige sosjaal en libje yn koloanjes dy't út tûzenen fûgels bestean kinne. Se lizze meastentiids mar ien aai op in bultsje dridze. Beide âlden briede it aai út en fuorje it jong mei in soarte fan "molke" (kropmolke) út 'e slokterm.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de reade flamingo de status net bedrige (Least Concern). De oantallen fan 'e soarte lykje yn guon gebieten wat ta te nimmen.

Dochs binne der bedrigingen om't de fûgels yn mar in pear spesifike gebieten briede. As der yn sa'n gebiet wat mis giet, hat dat fuortendaliks gefolgen foar in relatyf grut part fan de hiele populaasje. De grutste bedrigingen wurde der foarme troch kustûntwikkeling lykas de bou fan hotels en toeristyske foarsjennings, wetterfersmoarging en fersteuring of ekstreem waar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: