Springe nei ynhâld

Karfoarstedom Mainz

Ut Wikipedy


Territoarium yn it Hillige Roomske Ryk
Karfoarstedom Mainz
780 – 1803
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Mainz (yn 'e 18e iuw ek tydlik Aschaffenburg)
offisjele taal Dútsk, Latyn
steatsfoarm Prinsbisdom / Karfoarstedom
ûntstien út Frankyske Ryk
opgien yn Hartochdom Nassau
Hartochdom Westfalen
Lângreefskip Hessen-Darmstadt
Keninkryk Prusen
Frankryk (Linkerigge fan 'e Ryn)
no diel fanDútslân
sifers
ynwennertal± 350.000 (omtrint 1790)
oerflak6.150 km²
bykommende ynformaasje
muntienheidRynlânske goudgûne, daalder

It Karfoarstedom Mainz (ek Kar-Mainz; Dútsk: Kurfürstentum Mainz of Kurmainz) wie ien fan 'e wichtichste en machtichste gebieten yn it Hillige Roomske Ryk. It wie in geastlik foarstedom dat troch de aartsbiskop fan Mainz yn syn rol as karfoarst bestjoerd waard.

Byld fan Bonifatius by de Mainzer Dom..

De skiednis fan it karfoarstedom begjint mei de apostel fan 'e Dútsers, Bonifatius. Bonifatius makke fan Mainz in tsjerklik sintrum fan it Frankyske Ryk. De opfolger fan Bonifatius wie Lullus (780/781), dy't fan 'e paus de titel aartsbiskop krige. Dêrmei waard Mainz in aartsbisdom mei macht oer oare bisdommen.

De wrâldske macht oer in ryk dat ferspraat lei oer grutte dielen fan 'e hjoeddeiske dielsteaten Hessen, Rynlân-Palts en Tueringen groeide stadichoan troch de iuwen hinne.

De Mainzer biskoppen droegen sûnt likernôch it jier 965 de earetitel Primas Germaniae (Primaat fan Dútslân) en dat makke him ta de wichtichste biskop fan it hiele Dútsktalige gebiet, wat syn macht boppe dy fan 'e karfoarsten fan Keulen en Trier tilde.

Pas yn 'e Gouden Bul fan 1356 waard offisjeel fêstlein dat de aartsbiskop fan Mainz ien fan 'e sân karfoarsten wie dy't de keizer kieze mochten. De aartsbiskop fan Mainz hie in bysûndere status: hy wie de aartskânselier fan Dútslân en de foarsitter fan it kolleezje fan karfoarsten. Dat betsjutte dat hy de lieding hie by de ferkiezing fan in nije keizer.

Opkommende macht fan stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken Mainz wie Erfurt de wichtichste stêd yn it besit fan 'e karfoarsten. Erfurt wie in ryk hannelssintrum yn Tueringen en lykas Mainz woe ek Erfurt graach selsstannich wurde. Kening Hindrik VI rôp de karfoarst fan Mainz en de lângreve fan Tueringen byinoar om yn 1184 it skeel yn it Marijestift fan Erfurt út te praten. By dy gelegenheid stoarte de flier ûnder it gewicht fan it grutte tal eallju yn en de eallju foelen foar in grut part yn 'e ûnderlizzende stjonkdobbe. Goed sechtich man kamen by dy ramp om, dy't bekend waard as de Erfurter Latrinensturz, mar Hindrik VI en aartsbiskop Koenraad III fan Wittelsbach oerlibben it.

Yn 1244 wist de stêd Mainz him los te meitsjen fan 'e macht fan 'e biskop. Mainz krige doe de status fan Frije ryksstêd, wat de boargers in grutte mjitte fan selsbestjoer joech. De biskoppen ferhûzen harren residinsje nei Eltville am Rhein en letter Aschaffenburg. De selsstannigens fan Mainz duorre twa iuwen, mar it late hieltyd wer ta konflikten mei de aartsbiskoppen dy’t harren macht werom ha woene. De ein kaam yn 1462 mei de Mainzer Stiftskriich. Adolf fan Nassau foel de stêd oan, plondere de boel en ferneatige de stedsfrijheid. Mainz moast him dêrnei wer ûnder de karfoarsten deljaan sadat de karfoarst syn absolute macht oer it ekonomyske en politike hert fan syn gebiet werom hie.

Reformaasje en kontrareformaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 16e iuw hie it foarstedom te krijen mei de reformaasje. Om't it karfoarstedom út ferskate enklaves bestie dy't ferspraat leine, ferlearen de aartsbiskoppen de kontrôle oer grutte dielen fan harren lân. Benammen yn Hessen en Tueringen gyngen hiele gebieten oer nei it protestantisme, mar Mainz bleau in bolwurk fan it katolisisme. Doe't bliken die dat it protestantisme net oerwaaide, helle aartsbiskop Daniel Brendel fan Homburg yn 1561 de jezuïten nei Mainz om de kontrareformaasje te lieden. Nei it Konsylje fan Trente (1545-1563) waarden de regels foar prysters folle stranger en lutherske dûmny's waarden wer ferfongen troch katolike prysters. Mainz waard it foarbyld fan in striidbere katolike steat.

Tritichjierrige Kriich en Frede fan Westfalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1631 yn 'e Tritichjierrige Kriich besetten Sweedske troepen Mainz en de karfoarst moast flechtsje. In skoftlang like it derop dat it karfoarstendom folslein ferdwine soe en in protestantsk hartochdom wurde soe, mar by de Frede fan Westfalen (1648) krige de karfoarst syn gebieten werom. De religieuze ferdieling fan syn gebieten soe lykwols in boarne fan strideraasjes bliuwe. Nei de Frede fan Westfalen koe de aartsbiskop net mear sa maklik de protestantske gebieten yn it karfoarstedom mei geweld werom twinge nei it katolisisme. Dochs wiene der noch wolris lokale kwestjes, lykas yn Kronberg im Taunus, dêr't de karfoarst yn 'e 18e iuw in katolike tsjerke bouwe woe.

Nei de latrineramp yn 'e 12e iuw bleau Mainz formeel de baas oer Erfurt, mar Erfurt gedroech him yn 'e 14e en 15e iuw jimmeroan mear as in selstannige stêd. Yn 1664 makke karfoarst Johann Philipp fan Schönborn dêr in ein oan. Mei help fan Frânske troepen belegeren de troepen fan Mainz de stêd. Nei in koarte belegering moast Erfurt it ferset yn oktober 1664 opjaan. De karfoarst naam de stêd alle frijheden ôf en om tefoarren te kommen dat Erfurt it wer opnimme soe tsjin 'e aartsbiskop, liet de karfoarst in sitadel by Erfurt bouwe, de Petersberg.

De ûndergong fan it karfoarstedom kaam mei de Frânske Revolúsje. Yn 1792 besetten de Frânsen Mainz en stiften dêr foar koarte tiid de Republyk Mainz. Doe't de gebieten op 'e lofterigge fan 'e Ryn offisjeel troch Frankryk anneksearre waarden, ferlear de karfoarst syn haadstêd. Yn 1803 waard it foarstedom mei it Reichsdeputationshauptschluss folslein opheft en waarden de oerbliuwende gebieten ferdield ûnder oare lannen, lykas it Hartochdom Nassau en Prusen.

Tusken de 8e iuw en 1803 ha der in grut oantal biskoppen west. De belangrykste biskoppen binne:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karfoarstedom Mainz fan Wikimedia Commons.