Karel fan Brimeu, greve fan Megen

Ut Wikipedy
Stânbyld op it Carolus de Brimeuplein yn Megen, troch Frans Donders

Karel fan Brimeu (Noard-Frankryk, 1524 - Swol, 9 jannewaris 1572) (Frânsk: Charles de Brimeu, Latyn: Carolus de Brimeu) wie greve fan it greefskip Megen fan 1547-1572. Teffens wie er hear fan Humbercourt, Houdain en Sperleke yn de Súdlike, Frânsktalige Nederlannen. Hy wie ridder yn de Oarder fan it Gulden Flues en hâlde oan it hof fan de Spaanske kening ta.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karel wie in meistanner fan Willem fan Oranje, Lamoraal fan Egmont en oare ealju yn harren ferwar tsjin de Spaanske sintralistyske polityk, oant dy nei de byldestoarm fan 1566 tsjin de Spaanske foarst yn opstân kamen. Hy ferdigene de stêd Grins yn 1568 tsjin Loadewyk fan Nassau, dy't yn de Slach by Hilligerlee de greve fan Arenberg ferslein hie en de stêd ynnimme woe en brûke woe as útfalsbasis. Karel folge Arenberg op as steedhâlder yn al syn goaen en bleau trou oan de kening.

Syn hâlden en dragen hie fan gefolgen dat it greefskip Megen, dat oars mar bestie út it stedsje Megen en in lyts tal doarpkes yn de omkriten, katolyk bleau. Karel wie trouwens wreed foar herfoarmden oer. It puntsje fan harren tonge waard mei gloeiend izer bewurke.

Under de Republyk fan de Nederlannen bleau de godstsjinstfrijheid yn it lytse greefskip bestean.

Neisieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karel hie gjin bern. Syn neiste sibbe wie Maria fan Brimeu (1550-1605) dy't efterelkoar Lancelot fan Berlaymont en, dy syn, yn 1580 mei Karel III fan Croÿ boaske. Sy wie kalvinistysk. Karel gie by har wei yn 1584 en waard wer katolyk. Maria bleau ont har dea frou fan Megen. Fan 1610 ôf waard de (katolike) famylje Croÿ oars eigner fan dat greefskip.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Winkler Prins (1977) s.v. Megen, Charles de Brimeu, graaf van. Amsterdam/Brussel: Elsevier.