Springe nei ynhâld

Kardinalen

Ut Wikipedy
kardinalen
Cardinalis cardinalis
Cardinalis cardinalis
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:kardinaalfûgels (Cardinalidae)
skaai:kardinalen (Cardinalis)
Bonaparte, 1838
Soarten
Cardinalis cardinalis''
Cardinalis phoeniceus
Cardinalis sinuatus

Kardinalen (Cardinalis) is in fûgelskaai is út de famylje fan 'e kardinaalfûgels (Cardinalidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard foar it earst publisearre yn 1838 troch Bonaparte.

Kardinalen libje fan Noard-Amearika oant it noarden fan Súd-Amearika.

It binne fûgels tusken 19 en 22 sm lang. De meast ûnderskiedende skaaimerken binne de opfallende túf en in dikke en sterke konyske snaffel. Der is seksueel dimorfisme: mantsjes hawwe in gruttere hoemannichte read yn har fearren, en wyfkes binne oerhearskjen griis oant brún. De opfallende reade fearren fan 'e fûgel wurde ferlikene mei de klean fan in katolike kardinaal en ek de namme cardinalis ferwiist dêrnei.

It skaai bestiet út trije soarten:

Ofbyld ♂Ofbyld ♀Fryske nammeWittenskiplike nammeStatus * /
trend *
Reade kardinaalCardinalis cardinalisnet bedrige
stabyl[1]
FermiljoenkardinaalCardinalis phoeniceusnet bedrige
ôfnimmend[2]
WoastynkardinaalCardinalis sinuatusnet bedrige
ôfnimmend[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: