Kardinaal (geastlike)
In kardinaal of Prins fan'e Tsjerke (ôfkomstich fan it Latynske Cardo = spil, "wêr't eat om hinne draait") is in tige hege rang, (eins mear: in weardichheid) yn 'e hierargy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. It is nei de paus de heechste rang. Se sprekke fan it kreëarjen fan kardinalen. Dat bart troch de paus yn de saneamde konsistoarjes. De paus hat it allinnichrjocht op 'e kreaasje fan kardinalen. Hy beslist alhiel neffens eigen ynsjoch oan wa't er de weardichheid takent. Los fan alderlei oare foarrjochten, beskikke kardinalen (alteast hja dy't jonger binne as tachtich jier) oer it rjocht om yn in konklaaf in nije paus te kiezen. De kardinalen binne feriene yn it Kolleezje fan Kardinalen.
Rangoarder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kardinalen wurde ûnderskieden yn:
- Kardinaal-biskop,
- Kardinaal-preester,
- Kardinaal-diaken,
Dy binne ek titulêr oan it bisdom Rome ferbûn as respektyflik biskop, preester of diaken.Oan elke kardinaal preester of diaken wurdt in titeltsjerke yn Rome oanwiisd. De kardinaal-biskoppen drage lykwols de titel fan in bisdom fan in bisdom yn de omkriten fan Rome, wylst de kardinaal deken dêr de titel fan it bisdom Ostia oan taheakket. De kardinaal-diakens wurkje binnen de kuery. Kardinaal-preesters, dy't fierwei de grutste groep foarmje binnen it kolleezje fan kardinalen, binne meastentiids aartsbiskop fan in aartsbisdom.
Kardinalen, alhoewol't allegear gelyk, kinne fan in oarder of rang nei de oare oergean. In kardinaal-diaken wurdt nei tsien jier kardinaal-preester en in kardinaal-preester kin kardinaal-biskop wurde. Sels in kardinaal-diaken kin kardinaal-biskop wurde (sûnder kardinaal-prester west te hawwen). Dit soarte oergongen komt geregeld foar. It is lykwols net mooglik te "degradearjen". In kardinaal-preester kin gjin kardinaal-diaken mear wurde.
Klean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foar alle trije rangen binne de foarskriften foar klean gelyk, útsein de miter fan de kardinaal-diaken.
- Deiske klean
- Eigen boargerlike klean. Om wille fan de werkenberens faak in krúske. In protte biskoppen en dus ek de kardinalen drage lykwols altyd it preesterboard[1].
- Preesterhimd[2] mei preesterboard, faak wurdt dêrby ek it pektorale droegen; it werkenningstekken foar in biskop.
- Alhiel swarte soutane[3] mei reade seame en reade knopen, oanfolle mei in reade sjerp, reade solideo[4], reade bonnet[5] mei reade plûs.
- Koarklean
Folslein reade soutane mei reade seame en reade sjerp en reade mosetta[6], stola, superply, en reade solideo.
- Liturgyske klean
Albe,[7], amikt[8], stola, kazufel[9], reade solideo, miter, en in krúske oan in reade koarde.
Wat de miter oangiet is der in lyts ferskil. Yn prinsipe jildt dat eltse biskop elke miter drage mei. Lykwols, as it hiele of meastepart fan it Kolleezje fan Kardinalen byinoar is (bygelyks yn in Konsistoarje of ûnder de útfeart fan de paus), drage de kardinaal-diakens in wat lytsere miter as de oare kardinalen: de mitra simplex (letterlik: ienfâldige miter).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
