Kapgier
| Kapgier | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Necrosyrtes monachus | ||||||||||||
| (Temminck, 1823) | ||||||||||||
| IUCN-status: krityk | ||||||||||||
De kapgier (Necrosyrtes monachus) is in lytse rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennichste soarte yn it monotypyske skaai fan 'e kapgieren (Necrosyrtes). Hoewol't de kapgier fan oarsprong in algemiene ferskyning wie yn 'e buert fan minsklike delsettings, wurdt de soarte no troch de ekstreem rappe delgong fan 'e populaasje kritysk bedrige.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kapgier is ien fan 'e lytste gieresoarten fan 'e Alde Wrâld. Hy hat in lingte fan 62 oant 72 cm en in wjukspanne fan likernôch 155 oant 165 cm. It fearrekleed is oer it generaal donkerbrún. It meast opfallende skaaimerk is de keale, rôze kop dy't oan 'e efterkant en yn 'e nekke oergiet yn in tichte, ljochtbrune oant wite dûnzige kap.
De snaffel is yn fergeliking mei oare gieren frij smel en lang, wat de fûgel by steat stelt om lytse stikjes fleis tusken de bonken fan in kadaver wei te skuorren. As de fûgel him opwynt, kin de rôze hûd fan 'e kop fluch feroarje yn in felreade kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kapgier komt foar yn in grut part fan Afrika súdlik fan 'e Sahara. Hy libbet net allinne yn de savanne, mar is ek faak te finen by slachthuzen, ôffalbergen en op merken yn doarpen en stêden. Yn tsjinstelling ta de measte oare gieren hat dizze soarte him goed oanpast oan it libben yn 'e buert fan de minske.
Ekology en gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kapgier is in echte allefretter. Hoewol't er foaral fan kadavers fret, stiet er ek bekend om it iten fan ynsekten, larven en sels minsklik ôffal. Troch syn lytse formaat en smelle snaffel kin er net konkurrearje mei de gruttere gieresoarten by in kadaver. Dêrom wachtet er faak oan 'e râne fan 'e groep of fret er de lytse resten op as de gruttere fûgels klear binne. Kapgieren binne hiel sosjaal en wurde yn grutte groepen sjoen.
Kapgieren bouwe it nêst yn beammen en bouwe in nêst fan tûken dat beklaaid wurdt mei gers en blêden. Se lizze mar ien yt aai mei brune, readbrune plakjes, dat troch beide âlden yn likernôch 46 oant 54 dagen útbredt wurdt. It jong bliuwt sa'n trije oant fjouwer moannen yn it nêst foardat it selsstannich wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de kapgier eartiids ien fan 'e meast algemiene gieren wie, is de status sûnt 2017 krityk op 'e Reade list fan 'e IUCN. De populaasje is yn koarte tiid dramatysk ôfnommen. De wichtichste oarsaken binne fergiftiging, jacht foar de hannel yn tradisjonele medisinen en it ferlies fan geskikte nêstbeammen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kapgier
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
