Kantongerjocht Dokkum

Ut Wikipedy
It eardere kantongerjocht oan de Hegepol

It kantongerjocht Dokkum wie fan 1838 oant 1934 ien fan de kantongerjochten yn Nederlân. By de ynstelling yn 1838 wie Dokkum it fjirde kanton fan it arrondissemint Ljouwert. It gerjocht wie festige yn in monumintaal pân út de 18e iuw oan de Hegepol. Letter hat de Belestingtsjinst it gebou jierrenlang brûkt.

It kanton[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Frânske tiid waard Nederlân yndield yn kantons. Dy kantons wiene tagelyk in bestjoerlike ienheid en in rjochtsgebiet. Elk kanton wie de sit fan de frederjochter. Yn 1838 waard de frederjochter opfolge troch de kantonrjochter en waard it tal kantons hast de helte lytser. It nije kanton Dokkum wie in geafoeging fan it 'âlde Dokkum' út 1811 mei it grutste part fan it kanton Bûtenpost, dat opheft waard.

It kanton Dokkum bestie yn 1838 út de gemeenten Dokkum, East-Dongeradiel, Kollumerlân en Nijkrúslân en Dantumadiel.