Springe nei ynhâld

Kanasta

Ut Wikipedy

Kanasta (Spaansk: Canasta - koer) is in oanlisspul: In kaartspul dêr't kombenaasjes mei makke wurde. It spul is yn 1939 yn Montevideo optocht troch Segundo Santos en Alberto Serrato. De basis is in spul foar flouwer spilers dy't spylje as pearen, mar der binne ek farianten foar 2, 3, en 6 spilers. It standerd spul brûkt in stok fan 2 pakken fan 54 kaarten, wat sizze wol dat der alles byelkoar 4 jokers yn sitte.

It spul giet oer it sammeljen fan kaartkombinaasjes, benammen kanastas, dat wol sizze: sân kaarten mei deselde wearde. In omgong fan it spul kin earst beeinige wurde as der in Kanasta boud is. De yndividuele kaarten hawwe in wearde, dy't brûkt wurdt as it spul klear is en de punten teld binne. Gewoanwei is mear as ien spultsje nedich om in winner te finen, om't it spultsje ornaris 5.000 punten fereasket as einwearde.

Puntenwearde foar eltse kaart yn Kanasta
Kaarten Wearde
3, 3 Spesjaal (100 punten)
♣3, ♠3, 4, 5, 6, 75
8, 9, 10, B, F, H10
Aas, 220
Joker50

In wichtige fariant fan Kanasta is Samba. Dat is in trije-pak Kanasta-fariant, dêr't ek rigen yn makke wurde kinne.