Kanarje
| Kanarje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Serinus canaria | ||||||||||||
| (Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
| net bedrige | ||||||||||||
De kanarje (Serinus canaria) is in lytse fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). De soarte is de direkte stamheit fan 'e bekende hûskanarje en it nau besibbe oan 'e wylde kanarje (Serinus serinus), dy't yn Europa yn it wyld foarkomt. De serinus canaria is lykwols in slach grutter en komt oarspronklik fan 'e eilannen yn 'e Atlantyske Oseaan.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kanarje is likernôch 12,5 oant 13,5 sm lang. Yn it wyld is de fûgel net sa giel as de bekende kweekfarianten. It mantsje is foaral gielgrien mei brune streken op 'e rêch en de fanken. It wyfke is mear griis en minder giel. De snaffel is koart en krêftich, sa't dat by siediters heart.
De sang is tige fariearre en melodieus. Dar wie de reden dat de fûgel al yn 1478 nei Europa brocht en domestisearre waard.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kanarje komt oarspronklik foar op 'e Kanaryske Eilannen, de Azoaren en Madeira. Op 'e Bermuda-eilannen is in ferwyldere populaasje.
Hja libje dêr yn in breed skala oan leefgebieten, fan 'e kust oant heech yn 'e bergen, meastentiids yn iepen bosken, tunen en wyngerds.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kanarje is in sosjale fûgel dy't bûten it briedseizoen yn groepen omfljocht. Se ite foaral plantaardich materiaal lykas sied, knoppen en fruit, mar yn 'e briedtiid wurde ek lytse ynsekten iten foar de aaiwitten. It nêst wurdt faak boud yn 'e foarke fan in tûke, sa'n 3 oant 4 meter boppe de grûn. It wyfke briedt op 3 oant 5 ljochtblauwe aaikes mei brune plakjes. De jongen fleane nei sa'n twa wiken út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oannommen wurdt dat de wylde populaasje fan 'e kanarje stabyl is. De soarte wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern) klassifisearre.
Kweekfoarmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt de Spanjerts de fûgel yn 'e 15e iuw nei Europa brochten, is de kanarje ien fan 'e meast populêre húsdieren wurden. Troch seleksje binne der no trije haadtypen fan 'e hûskanarje: sjongkanarjes (selektearre op harren bûtengewoane sjongkwaliteiten), kleurkanarjes (mei in grut oantal kleurkombinaasjes (lykas giel, oranje, read en wyt) en postuerkanarjes (selektearre op ôfwikende foarmen, lykas grutte of in túf).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
