Springe nei ynhâld

Kanadeesk Oarlochsbegraafplak Groesbeek

Ut Wikipedy
Kanadeesk Oarlochsbegraafplak Groesbeek
Lokaasje
provinsjeGelderlân
plakGroesbeek
koördinaten51°47'N 5°55'E
Type
ferantwurdlikeCommonwealth War Graves Commission
oanleinfebrewaris 1945
ynhuldiging4 novimber 1946
oantal grêven2.619
ûnbekend20
Slachtoffers neffens lân
neffens lânKanada 2.339
Feriene Keninkryk 267
Belgje 3
Austraalje 2
Poalen 2
Nederlân 1
Nij-Seelân 1
Ruslân 1
Joegoslaavje 1[1]
Slachtoffers neffens oarloch
neffens oarlochWO II: 2.617
kaart
Kanadeesk Oarlochsbegraafplak Groesbeek (Gelderlân)
Kanadeesk Oarlochsbegraafplak Groesbeek

It Kanadeesk Oarlochstsjerkhôf fan Groesbeek (Ingelsk: Groesbeek Canadian War Cemetery) is it lêste rêstplak foar 2.619 omkommen militêren yn 'e Twadde Wrâldkriich. Der lizze fral Kanadezen, mar ek in oantal slachtoffers mei in oare nasjonaliteit. It begraafplak leit noardlik fan Groesbeek yn 'e gemeente Berg en Dal en wurdt ûnderholden troch de Commonwealth War Graves Commission. It is it grutste begraafplak fan it Britske Mienebest yn Nederlân.

De yndieling fan it begraafplak is lykas alle Britske earefjilden yn de 140 lannen dêr't de Commonwealth War Graves Commission (Oarlochsgrêvenkommisje fan it Britsk Mienebest) ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan 'e grêven is. By de tagong fan it fjild is it Memorial, in muorre fan wite natoerstien mei dêrop de nammen fan soldaten dy't fermist binne nei't yn augustus 1944 de Frânske rivier de Seine oerstutsen wie. Dat binne 1.047 nammen (942 Britske soldaten, 102 Kananeeske soldaten, twa soldaten út Súd-Afrika en in Britske piloat). Boppe de tinkmuorre stiet de Latynse tekst: PRO AMICIS MORTUI AMICIS VIVIMUS, itjinge oerset wurde kin as "wy libje yn 'e herten fan freonen foar wa't wy stoaren". Oan 'e ein fan it earefjild stiet it Cross of Sacrifice, in krús fan portlandstien mei dêrop in metalen swurd.

It earefjild waard op 4 maaie 1947 troch keninginne Wilhelmina iepene. De lokaasje is útkeazen troch boargemaster jonkhear Van Grotenhuis van Onstein. Hy fûn dat stik grûn geskikt om't fanôf it begraafplak de Dútske grins sjoen wurde koe. It wurk sette yn 'e simmer fan 1945 útein en stie ûnder lieding fan seis Kanadeeske militêren. Nei twa jier wie it klear, mar yn 'e rin fan 'e tiid binne de grêftekens twaris ferfongen. Ynearsten wiene it houten krusen dy't letter ferfongen binne troch stalen krusen en wer letter troch natoerstiennen grêftekens. It Cross of Sacrifice wie ynearsten fan hout mar waard yn 1950 ferfongen troch in krús fan natoerstien.

Memorial.

De measte alliearde lannen begroeven harren omkommen soldaten yn it lân dêr't se stoaren. Generaal Crerar, kommandant fan 'e Kanadeeske lânkrêften yn Europa, wie lykwols fan betinken dat gjin ien Kanadeeske soldaat begroeven wurde mocht yn Dútslân. Op ien útsûndering nei, in Kanadeeske soldaat dy't op it Reichswald Forest War Cemetery leit, binne de yn it Dútske Rynlân ferstoarne soldaten dêrom begroeven op Nederlânsk grûngebiet yn Groesbeek. Oars as by oare oarlochsbegraafplakken lizze yn Groesbeek fral militêren dy 't net yn Nederlân, mar yn it oanbuorjende lân stoaren.

De grutste groep slachtoffers falt yn 'e âldens fan 20 of 21 jier. De jongste soldaat is Ruben McGuigan, mar 16 jier âld. Hy hie by syn oanmelding in hegere leeftyd opjûn. De âldste soldaat is 48 jier woarn. De trochsnit âldens is 25,2 jier.[2] De iennige Nederlanner dy't op it hôf leit is de op 15 oktober 1914 yn Hardenberg berne Albertus de Jong, dy't nei de befrijing op 14 juny 1945 omkaam by in ûngemak.[3]

Alle jierren wurdt yn novimber in Poppy Day organisearre. De yn Dútslân legere Kanadeeske militêren betinke dan yn Groesbeek harren ferstoarne kammeraden. In spesjale Kanadeeske legeraalmoezenier komt út Kanada om dêr te bidden en te preekjen.

Nijmeechske Fjouwerdagetocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fêste rûte fan 'e Nijmeechske Fjouwerdagetocht giet op 'e tredde dei by it begraafplak lâns. De militêren dy't meidogge oan 'e tocht hâlde dêr dan in betinking.

Faces to Graves

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Faces to Graves is in yn 2015 oprjochte stifting, dy't krewearret foar in digitaal dokumintaasjemonumint oer de op it earefjild begroeven soldaten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Frank Mehring, Jaap Verheul (red.) Gezichten van de Bevrijding, ISBN: 9789464564891
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Liberation Route, oproppen 13 july 2025.
  2. Frank Mehring/Jaap Verheul: Gezichten van de Befrijding, side 67
  3. Oorlogsdoden Nijmegen, oproppen 13 july 2025.