Springe nei ynhâld

Kampen (Sylt)

Ut Wikipedy
Kampen (Sylt) / Kaamp
Lokaasje fan Kampen (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Lokaasje fan Kampen (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtLandschaft Sylt
Sifers
Ynwennertal492 (31.12.2024)[1]
Oerflak8,43 km²
Befolkingsticht.58 ynw./km²
Hichte24 m
Oar
Postkoade25999
Offisjele webside
www.kampen.de
Kaart
Kampen (Sleeswyk-Holstein)
Kampen

Kampen (Noardfrysk: Kaamp) is in plak en gemeente op it eilân Sylt yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten fan it eilân gear yn it amt Landschaft Sylt en hat 492 ynwenners (2024).

Kampen fan 'e fjoertoer ôf sjoen, 1894.

It plak Kampen waard yn 1543 foar it earst skriftlik yn in oarkonde neamd. Oant likernôch 1900 wie Kampen in folslein agrarysk plak. Sûnt 1871 foarme it doarp tegearre mei de delsetting Braderup|Wenningstedt en de doetiidske buorskip Braderup de gemeente Norddörfer. Dy doarpen dielden de tsjerke, de skoalle en oare foarsjennings, dy't se fanwegen it lytse ynwennertal net selsstannich ûnderhâlde koene.

Opkomst fan it toerisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toeristen ûntdutsen Kampen as rêstich plak midden yn 'e heidefjilden relatyf let. Oan 'e begjin fan 'e 20e iuw wie it net breed bekend. Yn it earstoan luts it doarp in soad keunstners en yntellektuelen. In feroardening út 1912 lei yn detail fêst dat alle nije huzen yn it doarpsbyld passe moatte. Dat betsjutte dat se fan bakstien mei in tradisjoneel reiden tek boud wurde moasten. Dy feroardening jildt hjoed-de-dei ek noch.

Klenderhof.

Sûnt 1920 waarden oan 'e râne fan 'e histoaryske doarpskearn, yn it gebiet fan 'e saneamde Nordheide, simmerhuzen en filla's boud foar begoedige gasten. It beboude oerflak fan 'e gemeente fermannichfâldige him dêrtroch yn in pear jier tiid. It gebiet fan 'e saneamde Westheide, bewesten it doarp en benoarden de Kurhausstraße, soe ek beboud wurde, mar bleau oars as de plannen fan 1906 frij fan bebouwing. Tsjintwurdich is dat in beskerme natuergebiet. It yn 1923 boude Haus Kliffende waard it favorite ferbliuw fan Thomas Mann en in soad oaren. De joadske eigner fan 'e yn 1933 foltôge Klenderhof mocht sûnt 1936 Sylt net mear op, en de SA hie yn 1938 it hûs hast bestoarme.

Sûnt 21 maart 1927 is Kampen in selsstannige gemeente.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar en yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden ek op it grûngebiet fan de gemeente Kampen kampen fan 'e Wehrmacht ynrjochte. In grutter kamp lei op it plak fan 'e hjoeddeiske kamping yn it súdwesten fan it doarp. Dat waard tagelyk mei in oansteande útwreiding fan it fleanfjild op 'e Braderuper Heide boud en tsjinne op it lêst as ûnderkommen foar it personiel fan 'e swiere geskutbunkers fan Wenningstedt. Swiere gefjochten ha der net west en Kampen rûn yn 'e kriich gjin grutte skea op troch oanfallen fan Alliearde bommesmiters.

Beëasten it doarp lei loftôfwargeskut mei in grut tal ûndergrûnske militêre bunkers en barakken. Yn dy barakken waarden fuort nei de kriich Dútske flechtlingen út de eastlike gebieten ûnderbrocht. Yn 'e jierren 1950 ûntstie dêrút it ferneamde kafee Kupferkanne.

Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it plak hieltyd mear in fakânsjeplak foar de riken – de yndustriëlen fan it Wirtschaftswunder. Ek bekende minsken út 'e film- en tillevyzjewrâld fûnen Kampen mochten graach yn Kampen wêze.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgelkoai fan Kampen.

Likernôch trije kilometer benoarden Kampen leit it natuergebiet Kampener Vogelkoje. Al yn 1767 lei dêr in einekoai om einen te fangen. Oant 1921 waarden dêr alle jierren wol 25.000 einen fongen. Sûnt 1935 wurdt it gebiet beskerme en yn 'e jierren 1986-1988 waard de einekoai wer rekonstruearre. Der binne ynformaasjesintra oer de Sylter fûgelwrâld en der is in 700 m lang natuerlearpaad.

Westlik fan it doarp leit it 30 m hege Reade Klif, wêrfan't sein wurdt dat it by it ûndergean fan 'e sinne in reade gloed kriget. It Reade Klif wurdt troch eroazje en stoarmen bedrige.

It Uwe-dún.

It Uwe-dún is mei in hichte fan 52,5 m it heechste punt fan it eilân. De namme fan it dún ferwiist nei Uwe Jens Lornsen (1793-1838), dy't krewearre foar de Dútske frijheid en ienheid.

Yn it ferline hie it doarp ferskillende ateliers fan bekende keunstners. It atelier fan 'e keunstsskilder Siegward Sprotte kin hjoed-de-dei noch besocht wurde.

Op 'e Westheide lizze ferskillende hunebêden en grêfheuvels. Om de archeologyske monuminten te beskermjen tsjin massatoerisme wurde se lykwols net mei toeristyske ferwizingen oanjûn. Op 'e Westheide binne wol in oantal net iepene grêfheuvels yn it lânskip te sjen.

Besuden it doarp stiet de mear as 150 jier âlde fjoertoer fan Kampen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje