Kamp Duindorp

Kamp Duindorp wie in Nederlânsk ynternearringskamp. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden der NSB'ers fêst set.
It kamp waard yn 1946 ynrjochte yn de wenwyk Duindorp by Skeveningen. Dy wyk wie ein 1942 troch de Dútske besetter ûntromme foar de oanlis fan de Atlantikwall. De ynternearre NSB'ers waarden ynset om de wyk fannijs op te bouwen. Neist NSB'ers waarden yn it ynternearringskamp ek oare persoanen opsletten dy't fertocht waarden fan ûnder oare lânferried, wredichheden tsjin boargers, gearwurking mei de Dútsers of fertochte politike sympatyen. It kamp, dat ynearsten hiel Duindorp besloech, waard hieltyd lytser makke, sadat de oarspronklike bewenners stadichoan wer werom koene nei harren wyk. Yn 1951 waard it kamp opheft.
De Pniëltsjerke yn de Tesselsestrjitte waard op 3 augustus 1947 wer yn gebrûk nommen, mar op 1 july yn 2009 sletten.
Dokumintaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 1998 makke de sjoerrnalist Hans Polak in telefyzjedokumintêre oer it kamp.[1]
- Yn de roman De spinvlieg fan Hugo Wapperom út 2011 wurdt it kamp fan binnenút beskreaun troch in briefwiksel tusken de heit fan de skriuwer, Piet Wapperom en dy syn oarehelte.
- In koart nei de Twadde Wrâldoarloch yn Antwerpen útjûn boek fan Niels Jacob van Heerne, mei de titel De dood zit op het vinkentouw, beskriuwt wat de finzenen yn Kamp Duindorp alle dagen meimakke hawwe, hoewol't it net by namme neamd wurdt. [2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|