Springe nei ynhâld

Kameroenpoarperdo

Ut Wikipedy
Kameroenpoarperdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaihôfdowen (Columba)
soarte
Columba sjostedti
Reichenow, 1901
IUCN-status:

De Kameroenpoarperdo (Columba sjostedti) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae). De wittenskiplike namme ferwiist nei de Sweedske natuerûndersiker Bror Yngve Sjöstedt (1866-1948), dy't tusken 1890 en 1892 ferskillende kearen nei Afrika wêrûnder Kameroen reizge en dêr in soad fûgels sammele.

De soarte is in grutte, pearsgrize do en hat opfallende wite plakjes op it boarst en de rêch, in blaugrize kop en in read-giele snaffel. Oer de rop is net in soad bekend, mar dy soe bestean út in in grommend lûd, folge troch in rige lange gjalpen. De wytnekdo (Columba albinucha) oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e Kameroendo, mar dy hat in wyt plak op 'e kop en donkere plakken op in ljochter boarst.

It grutste diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit yn it westen fan Kameroen en foar in lytser diel yn it easten fan Nigearia. De do wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling is yn ûndersoarten. It leefgebiet bestiet út berchwâlden op in hichte fan 1000 oant likernôch 2500 m.

Nettsjinsteande it beheinde ferspriedingsgebiet en der oannommen wurdt dat de oantallen stadichoan ôfnimme, wurdt de populaasje troch de IUCN as net bedrige (LC) beöardiele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: