Springe nei ynhâld

Kamerafâle

Ut Wikipedy
In kamerafâle mei passive ynfrareadsensor.

In kamerafâle of op syn Ingelsk in camera trap, ek wol in wyldkamera neamd, is in kamera dy't automatysk in foto nimt of begjint te filmjen as er mei syn ynboude bewegingssensor beweging yn syn neite waarnimt. De bewegingssensor is ornaris in passive ynfrareadsensor (PIR) of in aktive ynfrareadsensor (AIR), dy't it fotografearre of filme gebiet by nacht ferljochtsje mei in ynfrareade ljochtstriel.

Kamerafâlen wurde yn 'e regel ynset troch biologen en oare natoerûndersikers om út te finen hokker soarten en/of hoefolle bisten der yn in gebiet libje. In kamerafâle wurdt dêrby oan in beam of in oar gaadlik lânskipselemint fêstmakke om bylden fan fauna te meitsjen mei sa min mooglik minsklike bemuoienis. Boppedat bliuwe kamerafâlen aktyf wylst de ûndersikers nei hûs of nei it kantoar geane om oar wurk te berêden, of wannear't se nachts sliepe. Dêrom binne sokke kamera's sûnt harren yntroduksje yn 'e iere 1990-er jierren al in beproefd stik ark foar it ferrjochtsjen fan ekologysk ûndersyk.

Op basis fan 'e bylden fan kamerafâlen kin troch ekologen de grutte fan in populaasje bisten rûsd wurde of de soarterykheid fan in beskaat gebiet fêststeld wurde. Behalven om bylden fan passearjende fauna fêst te lizzen, wurde kamerafâlen ek brûkt om op in net-yngripende manear bylden te meitsjen fan fûgelnêsten of hoalen fan seldsume of bedrige soarten. De ûntwikkeling fan kamerafâlen waard lykwols iroanysk genôch net oandreaun trochdat der ferlet fan wie foar wittenskiplik ûndersyk ta beskerming fan 'e natoer, mar om't jagers sokke apparaten brûke woene om 'e oanwêzigens fan te bejeien wyld yn in beskaat gebiet fêst te stellen.

Bylden fan kamerafâlen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.