Springe nei ynhâld

Kalifornyske miuw

Ut Wikipedy
Kalifornyske miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus occidentalis
Audubon, 1839
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

De Kalifornyske miuw (Larus occidentalis) is in fûgel út de famylje seefûgels (Laridae).

Fûgel boppe yn 'e Baai fan San Francisco.

De Kalifornyske miuw is in grutte miuw dy't 55 oant 68 sm lang wurde kin, in spanwiidte fan 130 oant 144 sm en in gewicht fan 800 oant 1.400 gram hat. De fûgel is wyt mei donkergrize boppedielen. De kop bliuwt oer it algemien it hiele jier wyt. De grutte giele snaffel hat in bolfarmige punt mei in read plak op 'e ûndersnaffel. Syn eachkleur fariëarret, trochstrings bleekgiel by de súdlike ûndersoarte en donkerder by de noardlike ûndersoarte. Oars as by de Meksikaanske miuw binne syn poaten rôze yn stee fan giel.

Kalifornyske miuwen dogge der fjouwer jier oer om it folwoeksen fearrekleed te krijen.

Der wurde twa ûndersoarten erkend mei de folgjende fersprieding:

  • L. o. occidentalis - de noardlike ûndersoarten, komt foar tusken Sintraal-Washington en Sintraal-Kalifornje, hat donkergrize boppekanten.
  • L. o. wymani - de súdlike ûndersoarte, komt foar tusken Sintraal- en Súd-Kalifornje.

De Kalifornyske is in stânfûgel yn Kalifornje, Oregon, Baja California en súdlik Washington. Yn oare dielen is de soarte in trekfûgel, dy't foar it oerwinterjen migrearret nei noardlik Washington, Britsk-Kolumbia en Baja California Sur.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte is selden fier yn it binnenlân te sjen. Se bliuwe by de kust en boud it nêst op eilannen foar de kust of yn estuaria. Koloanjes binne op Ano Nuevo Island, Anacapa Island, Santa Barbara Island yn it Channel Islands National Park en Alcatraz Island yn San Francisco. De fûgels binne meast monogaam.

Pykje.

Der wurde trije aaien lein, dy't yn in moanne útbret wurde. De piken bliuwe yn it territoarium oant se útfleane. Piken dy't troch oare territoaria omswalkje wurde yn 'e regel deade troch it pear fan dat territoarium. Sadwaande is de stjerte ûnder piken heech.

De fûgel hybridisearret yn Washington en it noarden fan Oregon regelmjittich mei de Beringmiuw.

Yn 'e 19e iuw hie de fûgel in soad te lijen fan it aaisykjen foar de groeiende stêd San Francisco. De koloanjes waarden boppedat fersteurd troch de bou fan bygelyks in fêsting lykas Alcatraz of fjoertuorren. De soarte is kwetsber foar klimatologyske barrens lykas El Niño en oaljelekkaazjes. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de fûgel yn oantallen tanimt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: