Kalifornyske kondor
| Kalifornyske kondor | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gymnogyps californianus | ||||||||||||
| Shaw, 1797 | ||||||||||||
| IUCN-status: krityk | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Kalifornyske kondor (Gymnogyps californianus) is in tige seldsume rôffûgel út 'e famylje fan 'e gierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae). Yn 1982 wienen der noch mar 22 yndividuën yn it wyld oer, wêrtroch't útstjerren net te foarkommen like. Troch in kontroversjeel mar súksesfol rêdingsprogramma is de soarte fan 'e râne fan 'e ôfgrûn weromhelle.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Kalifornyske kondor is de grutste fûgelsoarte fan Noard-Amearika. It fearrekleed is oerwegend swart, mei útsûndering fan 'e opfallende wite flakken oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken. De kop is keal, wat foarkomt dat fearren fersmoarge reitsje by it iten fan karkassen. Mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út. De fûgel hat in lichemslingte fan 120 oant 130 sm, in gewicht fan 8 oant 14 kg en in tige grutte wjukspanne fan hast trije meter.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei komt de kondor foar yn it westen fan 'e Feriene Steaten (Kalifornje, Arizona en Utah) en yn it noarden fan Meksiko. Yn it Pleistoseen libbe it skaai Gymnogyps oer hiel Noard-Amearika, fan Kanada oant Floarida. Doe fersoarge de fûgel de opromtsjinst foar de Amerikaanske megafauna (lykas de mammût). Doe't dy grutte bisten útstoaren, kromp ek it ferspriedingsgebiet fan 'e kondor dramatysk oant se om 1800 hinne allinne noch oan 'e westkust foarkamen.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kondors binne gjin jagers mar iesiters. Se brûke harren skerpe eagen om fan grutte hichte ôf karkassen te finen. It binne sosjale fûgels dy't fan inoar leare wêr't feilige plakken binne om te rêstjen.

De fûgels binne let geslachtsryp (mei seis jier) en lizze mar ien aai om 'e twa jier. Se foarmje faak bannen foar it libben. In bysûndere ûntdekking yn 2021 wie dat wyfkes harren somtiden fuortplantsje kinne sûnder in mantsje (partenogenese). Yn it nêst wurde kondors hjoed-de-dei somtiden holpen mei slimme aaien: elektroanyske aaien dy't data sammelje oer de briedomstannichheden. De fûgels kinne likernôch 60 jier âld wurde.
Status en herintroduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Troch jacht, fergiftiging (benammen troch lead út kûgels yn karkassen) en ferlies fan leefgebiet wie de fûgel yn 'e 20e iuw hast folslein ferdwûn. Yn 1987 waarden de lêste wylde eksimplaren fongen om in fokprogramma op te setten. In histoarysk momint wie de fangst fan AC-9 (Adult Condor 9), de alderlêste frijfleanende kondor fan dy tiid. Hjirmei wie de soarte foar in koart skoftke folslein útstoarn yn it wyld.
It programma wie sa súksesfol dat der sûnt 1992 wer kondors útset wurde. Yn 2002 folge de kroan op it wurk: AC-9 waard, nei 15 jier yn finzenskip, wer frijlitten yn 'e natuer. By syn frijlitting krige er in nij nûmer op'e wjukken: Kondor 21.
Troch dit súksesfolle programma groeide it oantal stadich:
- Yn 2003 wienen der 223 fûgels, wêrfan 85 wer útset yn 'e natuer. Yn dat jier fleach ek de earste, yn it wyld berne pyk út.
- Yn 2008 wiene der foar it earst wer mear fûgels yn it wyld as yn finzenskip.
- Yn 2019 waard de tûzenste pyk berne sûnt it begjin fan it programma.
- Yn septimber 2024 fleagen der 343 kondors yn it wyld en libben der 217 yn finzenskip.
- De populaasje wreidet him út nei it noarden; sûnt 2022 wurde se ek útset yn it Nasjonaal Park Redwood troch de Yurok-stamme, foar wa't de fûgel (prey-go-neesh) hillich is.[1]
Nettsjinsteande it súkses bliuwt de status krityk. De grutste bedrigings binne:
- Leadfergiftiging: Mear as de helte fan 'e stjergefallen komt troch it iten fan leadresten fan munysje fan jagers.
- DDT: In âld bestridingsmiddel dat soarget foar te tinne aaiskilen.
- Oare gefaren: fûgelgryp, boskbrannen en botsings mei heechspanningskabels. Foar dat lêste wurdt fûgels yn finzenskip sels leard om dy kabels te mijen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
