Kakapo
Kakapo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() De kakapo Sirocco op Maud Island. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Strigops habroptilus | ||||||||||||
Gray, 1845 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk | ||||||||||||
De kakapo (Strigops habroptilus) is in pappegaaieftige fûgel dy't allinne yn Nij-Seelân libbet. De namme fan 'e fûgel komt fan 'e taal fan 'e Maori. Kākāpō bestjut yn it Frysk nacht-pappegaai.
Yn 1994 wiene der noch mar 47 eksimplaren fan 'e fûgel. Hjoed-de-dei nimme de oantallen nei in soad krewearjen stadich oan ta. Begjin 2024 wiene der wer 247 kakapo's.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel hat griengiele fearren en wurdt 50 oant 63 sm lang en 3,5 kg swier. It is de swierste pappegaaie soarte fan 'e wrâld. Kakapo's binne net-fleanende fûgels en ha relatyf koarte wjukken. De fûgel mist de kyl op it boarstbien, dêr't de fleanspieren fan oare fûgels him hechtsje.
De boppedielen fan 'e kakapo ha gieleftige oant moskgriene fearren mei swarte of donkerbrúngrize streekjes of flekken, dy't goed by de lânseigen begroeiing passe. It boarst en de flank binne gielgrien. De búk, ûndersturt, nekke en it gesicht binne meast fealgrien en gieleftich streke mei brúngrize plakjes. Der kinne tusken de fûgels grutte ferskillen wêze yn 'e flekken en kleuren. Guon museumeksimplaren binne bygelyks hielendal giel. De fearren binne net stiif en sterk, mar tige sêft, itjinge de oanlieding wie om de spesifike bynamme habroptila te jaan.

Wyfkes binne ienfâldich fan mantsjes te ûnderskieden. Se ha in smellere en minder bolfoarmige plasse, in smellere en langere snaffel, in lytser fleisich gebiet fuort boppe de snaffel, lytsere noasgatten, slankere en rôze-grize poaten en in langere sturt. Alhoewol't de kleur fan 'e fearren net bot ferskilt is it wyfke minder giel en plakkich. Briedende wyfkes ha op 'e búk in keal briedplakje
It rookfermogen fan 'e fûgel is goed ûntwikkele, in belangrike oanfolling op syn nachtlike levensstyl. De sinnen fan 'e fûgel binne goed oanpast oan it libben yn it tsjuster.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbe eartiids op beide haadeilannen fan Nij-Seelân. De kakapo is net sinnich en libbe yn ferskillende biotopen lykas bosken, strewellen, gerslân en ek kustgebieten en wit him ûnder in soad omstannichheden te rêden. Hjoed-de-dei is de soarte beheind ta de eilannen dy't frij fan predaasje binne, mar se koene ea ûnder alle klimaatomstannichheden op 'e eilannen libje. De hite simmers op it Noardereilân en de kâlde winters yn 'e subalpine gebieten fan Fiordland foarmen foar de fûgel gjin probleem.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei't de fûgel net fleane kin, hat er sterke poaten ûntwikkele. De fûgel kin net fleane, mar wol hiel goed klimme oant yn 'e top fan 'e heechste beammen. As er wer nei ûnder wol springt er en brûkt er dêrby ek syn wjukken.
Om 't de fûgel net fleane kin, hat de kakapo tige lege metaboalyske easken yn ferlikening mei fûgels dy't wol fleane kinne. Kakapo's kinne maklik oerlibje mei in skraal dieet of mei iten fan tige lege kwaliteit.
De kakapo yt fruit, sied, blêd, stâltsjes en woartelstokken.
Utroeging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens fynsten fan subfossilen yn bygelyks jiskebulten libbe de fûgel foar de kolonisaasje troch de minske hast oeral op beide grutte eilannen. Goed 700 jier lyn arrivearren de Maori op Nij-Seelân. Hja joegen op 'e fûgels foar it iten en de hûd en de fearren, dy't se brûkten om klean fan te meitsjen. Mei de Maori kamen ek Polynezyske rotten nei Nij-Seelân, dy't de aaien en piken fan 'e kakapo's frieten. Ek de meinommen hûnen fan 'e Maori foarmen in bedriging foar de maklik te fangen fûgels. Dêroerhinne ferneatigen de Maori's ek de oarspronklike begroeiing op plakken dêr't de pappegaai libbe. Doe't de earste Europeanen op Nij-Seelân oankamen, wiene de kakapo's al op in soad plakken útstoarn lykas it Tararuaberchtme en it Aorangibechtme. Lokaal wie de fûgel lykwols noch algemien, lykas yn it sintrale diel fan it Noardereilân en de bosken fan it Sudereilân.

De Europeanen setten sûnt 1840 útein mei it oanmeitsjen fan lân en brochten de kakado fierder yn 'e benearing. Ek namen de Europeanen mear hûnen en rôfdieren mei, lykas katten, swarte rotten en harmkes en lykas de Maori ieten de earste Europeanen de fûgels. De Europeanen kenden de fûgel net oant Gray de kakado yn 1845 beskreau. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wie de fûgel goed bekend en der waarden tûzenen eksimplaren fongen en deade foar dieretunen, musea en samlers. Wat seldsumer de fûgel waard, wat mear de samlers krewearren om noch safolle mooglik fûgels yn 'e kolleksjes te krijen foardat de lêste kakapo stjerre soe.
Yn 'e jierren 1880 waarden op Nij-Seelân in soad martereftigen frijlitten om it oantal yntrodusearre kninen te beheinen, mar se joegen ek op 'e lânseigen soarten lykas de kakapo. Oare soarten lykas yntrodusearre harten konkurearren mei de kakapo om iten. De harten feroarsaken boppedat it útstjerren fan in pear fan 'e favorite plantesoarten fan 'e kakado. Yn 'e jierren 1890 wie de fûgel op 'e measte plakken ferdwûn.
It Nij-Seelânske regear reservearre yn 1891 Resolution Island yn Fiordland as natuerreservaat foar de soarte en beneamde Richard Henry as behearder. Hy begûn kakado's op it haadeilân te fangen om se te ferhûzjen nei it predator-frije Resolution Island. Sa brocht er yn seis jier tiid 200 eksimplaren fan 'e fûgel nei Resolution Island, mar yn 1900 wisten de harmkes it eilân te kolonisearjen en yn seis jier tiid waard de hiele populaasje dêr útroege. In pear fûgels koenen noch rêden wurde en waarden nei Little Barrier Island oerbrocht, dêr't se troch ynfierde katten opfretten waarden.

Yn 'e jierren 1920 wie de kakapopopulaasje fan it Noardereilân útstoarn, wylst de oantallen op it Sudereilân ôfnamen. Ien fan 'e lêste bolwurken wie it rûge Fiordland, dêr't de fûgel noch wol waarnommen of heard waard, mar yn 'e jierren 1940 waarden de waarnimmingen jimmeroan seldsumer.
Beskermingsmaatregelen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de stifting de New Zealand Wildlife Service waarden der fral yn Fiordland ekspedysjes útfierd, mar de sân ekspedysje tusken 1951 en 1956 leveren dêr mar in pear waarnimmings fan 'e fûgel op. Yn 1958 waard in kakapo fongen en frijlitten by it fjord Milford Sound. Yn 1961 waarden noch seis fûgels fongen, ien dêrfan waard frijlitten en de oare fiif waarden oerbrocht nei foliêre's fan it Mount Bruce Bird Reserve by Masterton op it Noardereilân. De tolve jierren dêrnei waarden regelmjittich ekspedysjes útfierd, mar de seldsume waarnimmings wiisden op in fierdergeande delgong. Yn 'e iere jierren 1970 waard der twifele of de kakato noch as wylde fûgel bestie. Tusken 1974 en 1978 waard 18 eksimplaren ûntdutsen, mar allegear mantsjes.
Alle fûgels dy't de Wildlife Service tusken 1951 en 1976 ûntduts libben yn 'e U-foarmige gletsjerdellings, omfieme troch hege kliffen en fan hege bergen. Dy rûge omjouwing bea beskerming foar de lânseigen begroeiïng, mar ek dêr wiene harmkes en yn 1976 oerlibben der noch in pear mantsjes heech op 'e meast ûntagonklike dielen fan 'e kliffen. it eilân Rakiura levere al gau resultaat op troch de ûntdekking fan tsientallen kakapo's. De ûntdekking wie yn in gebiet fan in troch brân feroare biotoop fan 8.000 hektare grut, dêr't beammen en strûken groeiden. De totale populaasje waard op 100 oant 200 fûgels rûsd.
Yn 'e jierren 1980 waarden de fûgels oerbrocht nei eilannen sûnder rôfdieren en yn 1989 wie der in plan foar it werstel fan 'e populaasje, dat sûnt 1995 út fierd waard. Gjin fan 'e Nij-Seelânske eilannen wie noch geskikt foar de kakapo sûnder de natoer werom te bringen nei de oarspronklike sitewaasje en de útroeging fan alle yntrodusearre sûchdieren dy't dêr foar de fûgel in bedriging foarmen. Foar dat doel waarden fjouwer eilannen keazen: Maud, Little Barrier, Codfish en Mana. Fiifensechtich fûgels (43 mantsjes, 22 wyfkes) waarden nei de fjouwer eilannen oerbrocht yn fiif oergongslokaasjes. Guon eilannen moasten meardere kearen suvere wurde fan bisten om't der hieltiten wer wylde katten en harmkes omstrúnden. Little Barrier Island waard lang om let troch de tichte begroeiïng en de rotten dochs net geskikt achte en de fûgels binne dêr yn 1998 weihelle. Yn stee dêrfan waarden Anchor Island en Chalky Island tafoege. De hiele populaasje fan Codfish Island ferhûze yn 1999 tydlik nei Pearl Island om de rotten dêr út te roegjen en yn 2005 ferhûzen de populaasjes fan Pearl Island en Chalky Island nei Anchor Island.

In wichtich ûnderdiel fan it werstelprogramma is it byfuorjen fan wyfkes. De kakapo briedt mar ienris yn 'e twa oant fiif jier, as plantesoarten as dacrydium cupressinum (rimu) aaiwytryk fruit en sied produsearje. Om de kâns op briedsukses te fergrutsen waarden de fûgels dêrom byfuorre. Yn 1989 waarden boppedat apels, swiete ierappels, amandels, nuten, sinneblompitten en walnuten levere oan tolve foerstasjons. Sûnt 1982 brieden de fûgels foar it earst op Little Barrier Island, alhoewol't it sukses fan it lechsel noch leech wie.
Hjoed-de-dei wurdt op Whenua Hou en Anchor kommersjeel pappegaaiefoer levere oan 'e fûgels yn 'e briedleeftyd. It gewicht en it ynnommen iten wurdt krekt kontrolearre om der foar te soargjen dat de kondysje fan 'e fûgel optimaal bliuwt.
Weryntroduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It programma hie súkses en stadichoan groeide de populaasje. De kâns op útstjerren is fermindere en de produktiviteit fan folwoeksen fûgels binne sûnt it begjin fan it programma ferbettere. It belangrykste doel is om teminsten ien libbensfetbere, hielendal selsstannige populaasje yn in beskermd gebiet ûnder te bringen. Om dat út te fieren is it 20.860 ha grutte Resolution Island fan Fiordland taret foar de weryntroduksje fan kakapo's troch it eilân ekologysk te werstellen, ynklusyf it útroegjen fan harmkes. In belangryk doel fan it weryntroduksjeprogramma is de fok fan teminsten 150 folwoeksen wyfkes. Op it stuit fan 'e start fan it programma bestie de populaasje út 51 eksimplaren. Yn 2022 wie de populaasje nei in produktyf briedseizoen en súksesfolle keunstmjittige ynseminaasje tanommen ta 252 fûgels. Yn 2023 koene foar it earst fjouwer mantsjes fan 'e kakapo yn it mei in stek tsjin rôfdieren omfieme reservaat Maungatautari Mountain op it Noardereilân útset wurde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|