Kaka (fûgel)
| Kaka | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Nestor meridionalis | ||||||||||||
| Gould, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Nij-Seelânske kaka (Nestor meridionalis) is in fûgelsoarte út de lytse boppefamylje fan de Nijseelânske pappegaaien (Strigopoidea). De fûgel wurdt meast mei de ôfkoarte namme kaka oantsjut, alhoewol't de fûgel dy namme dielt mei de ûtstoarne Norfolkkaka en de Chathamkaka. De soarte is endemysk yn Nij-Seelân en kent twa ûndersoarten.
De fûgel wurdt bedrige en is op in soad plakken fan it eardere ferspriedingsgebiet ferdwûn. De kaka is weryntrodusearre yn it natoergebiet Zealandia by Wellington en dêr is de populaasje tanommen.
De namme stamt fan it Maoryske kākā, mar is ek in algemien Polynezysk wurd foar pappegaai.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaka's wurde likernôch 45 sm lang en 390 oant 550 gram swier. De fûgels binne nau besibbe oan 'e kea, mar de kaka hat donkerder fearren en libbet mear yn beammen. De foarholle en de krún binne griiswyt en de nekke is griisbrún, wylst de mantel en de búk mear readeftich binne. De wjukken binne brún. Beide ûndersoarten ha in brún, grien en griis kleurepatroan mei ûndrer de wjukken in patroan fan oranje en djipreade plakken. Soms is der sprake fan kleurfarianten mei reade en giele kleuren, fral op it boarst. Mantsje lykje wat langere snaffels te hawwen as wyfkes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels binne endemysk yn Nij-Seelân en libje yn it leechlân en yn 'e bosken fan it middenberchtme. De grutste populaasjes fan 'e fûgel libje yn 'e reservaten op Kapiti-eiland, Codfisisland en Little Barrier Island. Yn 2021 libbe minder as 50% fan 'e populaasje op 'e haadeilannen. Der binne twa ûndersoarten:
- N. m. septentrionalis, de Noardereilânske kaka
- N. m. meridionalis, de Sudereilânske kaka
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaka's ite fruit, beien, sied, blommen, nektar en wringeleazen. De fûgel hat in boarsteltonge dêr't er nektar mei yt en hy brûkt syn krêftige snaffel om yn 'e grûn te wrotten as er larven siket.

It brieden fan 'e fûgel hinget ôf fan it dragen fan fruchten fan 'e beammen út it skaai Nothofagus. Yn 'e jierren dat de beam bloeit en der in soad sied makke wurdt, binne de kaka's en harren jongen der wis fan dat der genôch te fretten is. Dy tiid is it meast gaadlik om te brieden. De nêsten sitte yn beamholtes op sa'n trije oant seis meter boppe de grûn, mar op eilannen sûnder predators kinne de nêsten folle leger lizze.
Kaka's lizze fjouwer oant bytiden sels acht aaien, mar yn 'e regel fleane der twa jonge fûgels út. De wite aaien wurde yn likernôch 24 dagen útbret troch it wyfke. Hja fersoarget de piken, mar it mantsje soarget yn 'e briedtiid foar it iten foar it wyfke. As de piken likernôch 70 dagen âld binne, fleane se út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in soad lest fan predaasje fan ynfierde bisten lykas harmkes en swarte rotten. Fierder foarmje it kappen fan bosken in bedriging foar de fûgel. Ynfierde ealjebijen (Vespula vulgaris) konkurearje mei de fûgel by it sammeljen fan huningdauwe.

De fûgel is weryntrodusearre yn it natoerreservaat Zealandia by Wellington. Dêr binne de oantallen foars tanommen en de fûgel is dêr hjoed-de-dei yn parken en grienfoarsjennings troch de hiele stêd te sjen, dêr't se byfuorre wurde troch bewenners. Tusken 2011 en 2020 is de populaasje yn Wellington mei 250% tanommen.[1]
De kaka wurdt wetlik beskerme mei it ferdrach oer de hannel yn bedrige soarten (CITES, taheakke II).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en referinsjes op en:Kākā
|
