Kai Nobel

Ut Wikipedy
Kai Nobel
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Sandy Peach, Kajsa-Lotta
echte namme Kai Nobel
nasjonaliteit Sweedsk
berne 7 maaie 1968
berteplak Stockholm (Sweden)
etnisiteit Sweedsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19931995
offisjele webside
gjint

Kai Nobel (Stockholm, 7 maaie 1968), is in rêstend Sweedsk pornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Sandy Peach en Kajsa-Lotta. Hja sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn stikmannich films. Yn 1995 beëinige Nobel har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nobel waard yn 1968 berne yn 'e Sweedske haadstêd Stockholm. Se makke yn 1993, doe't se 25 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Under har karriêre as pornoaktrise spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn in stik as 11 films, dat hast allegearre produksjes wiene fan it Sweedske Private-label, hoewol't Euro-max 2: Cream 'n Eurosluts útbrocht waard troch de Amerikaanske studio Sin City.

De bekendste films fan Nobel wiene Money for Nothing, Sex for Free; Forbidden Desires; en Château de Passion, allegear fan Private. Dêrnjonken spile se ek yn trije ôfleverings fan it Private Video Magazine. Nobel wurke gear mei manlike tsjinspilers lykas Frank Gun, Jean-Yves Lecastel, David Perry, Alberto Rey en Frank Versace. Yn 1995 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kai Nobel is blank, mei blauwe eagen en read hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei (alteast ûnder har karriêre as pornoaktrise) in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings. Wol hat se in tatoeaazje fan in blom oan 'e lofterkant fan har skamstreek.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: