Kai-eilannen
Kai-eilannen | ||
![]() | ||
geografy | ||
lokaasje | Melaneezje | |
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
koördinaten | 5°45'S 132°44'E | |
algemien | ||
haadstêd | Tual | |
ynwennertal | 218.989 (2024) | |
sifers | ||
oerflak | 1.252 km² | |
heechste punt | 890 m | |
kaart | ||
De Kai-eilannen (ek Kei-eilannen; Nuhu Evav) foarmje in groep eilannen fan 'e Molukken. De groep hat in oerflak fan 1.252 km² en leit yn it ferlingde fan 'e Tanimbar-eilannen en de Lytse Sûnda-eilannen. De belangrykste eilannen fan 'e groep binne Kai Besar en Kai Ketjil. It heechste punt is de berch Gunun Daab mei in hichte fan hast 900 m. De groep leit tusken de Bandasee en de Arafurasee, dy't râneseeën fan 'e Grutte Oseaan foarmje. Tusken de Kai-eilannen en de oanbuorjende Arû-eilannen leit de Lydekkerline, de grins tusken de Euraziatyske Plaat en de Australyske Plaat en dy't ek de eastlike grins fan Wallacea oantsjut.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kai-eilannen besteane út 47 bewenne en ûnbewenne eilannen. Dêrûnder binne:
- Kai Besar (Nuhu Yut)
- Kai Kecil (Nuhu Roa)
- Tanimbar Kai (Tnebar Evav)
- Kai Dulah (Du)
- Dulah Laut (Du Roa)
- Kur
- Taam
- Tayandu (Tahayad) eilannen
Kai Besar is bercheftich en hat in soad bosk. Kei Ketjil is it meast befolke en flak. De haadstêd is Tual. Kai is bekend om de wite strannen, lykas Pasir Panjang (Ngur Bloat) op Kai Ketjil.
De eilannegroept foarmet ûnderdiel fan 'e Wallacea, in groep eilannen dy't troch djip wetter skaat wurde fan it Aziatysk en Australysk kontinint. Dêrfandinne ha de Kai-eilannen mar in pear lânseigen sûchdieren. De eilannegroep is net by in kontinint yndield.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kai-eilannen lizze yn 'e tropen tichteby de evener. De trochsnit temperatuer is 30 °C. De drûge tiid falt tusken april en septimber.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners fan 'e Kai-eilannen binne meast kristlik en dêrfan foarmje katoliken (44%) de mearderheid. Protestanten meitsje 26% fan 'e befolking út. De tsjerken binne yn alle doarpen prominint oanwêzich en toeristen wurde faak útnoege om tsjinsten by te wenjen. Yn Tual wenje in soad net-lânseigen minsken, dy't út westlike dielen fan Yndoneezje komme. Fan dy minsken binne de measten moslims (28%). Op it lytse eilân Tanimbar Kai hinget likernôch de helte fan 'e befolking in fariant van it hindoeïsme oan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en referinsjes sjoch en:Kai Islands
|