Springe nei ynhâld

Kabinet-Van Agt I

Ut Wikipedy
Kabinet-Van Agt I
Bordessêne fan de ministers fan it kabinet-Van Agt I mei keninginne Juliana by Paleis Soestdijk op 19 desimber 1977
Bordessêne fan de ministers fan it kabinet-Van Agt I mei keninginne Juliana by Paleis Soestdijk op 19 desimber 1977
Lân Nederlân
KoälysjeCDA,
VVD
Tal sitten TK49 + 28 = 77
Tal sitten EK24 + 15 = 39 (oant 1980)
27 + 13 = 40 (nei 1980)
SteatshaadJuliana (oant 30 april 1980)
Beatrix (fan 30 april 1980 ôf)
PremierDries van Agt
Beëdiging19 desimber 1977
Demisjonêr26 maaie 1981
Untslachdatum11 septimber 1981
FoargongerDen Uyl
OpfolgerVan Agt II
Oersjoch kabinetten

It kabinet-Van Agt I (ek bekend as Van Agt-Wiegel) wie it Nederlânske kabinet fan 19 desimber 1977 oant 11 septimber 1981. It kabinet waard foarme troch de politike partijen Kristen Demokratysk Appèl (CDA) en de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 1977.

It rjochtse kabinet-Van Agt I wie in mearderheidskabinet dat sawol yn de Earste Keamer en Twadde Keamer rekkenje koe op in lytse mearderheid. It kabinet-Van Agt-Wiegel wie it earste kabinet wêryn't de konfesjonele partijen Anty-Revolúsjonêre Partij (ARP), Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en Katolike Folkspartij (KVP) meidiene as de nij oprjochte fúzjepartij Christen-Democratysk Appèl (CDA). It kabinet hie yn de Twadde Keamer te krijen mei in part fan de CDA-fraksje dat it kabinet allinne ûnder betingst stipe, dizze saneamde CDA-loyalisten folgen it kabinet yn de hiele perioade dan ek kritysk.

Op 1 april 1979 ferstoar minister foar Wittenskipsbelied Rinus Peijnenburg (CDA) hommels oan de gefolgen fan in hertoanfal yn 'e âldens fan 51 jier. Op 3 maaie 1979 waard Ton van Trier, dy't oant dan ta wurksum wie as heechlearaar foar elektrotechnyk op de Technyske Hegeskoalle Eindhoven, beneamd as syn opfolger. Fan Trier dy't oant dan partijleas wie, waard dyselde moanne noch lid fan it CDA.

Yn dizze perioade wie de troansôfstân fan keninginne Juliana. De ynhuldiging fan har dochter Beatrix as keninginne late yn in rumoerich Amsterdam ta rellen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Kabinetten fan Nederlân
SchimmelpenninckDe Kempenaer-Donker CurtiusThorbecke IVan Hall-Donker CurtiusVan der BrughenRochussenVan Hall-Van HeemstraThorbecke IIFransen van de PutteVan Zuylen van NijeveltVan Bosse-FockThorbecke IIIDe Vries-Fransen van de PutteHeemskerk-Van Lynden van SandenburgHeemskerk AznMackayVan TienhovenRöellPiersonKuyperDe MeesterHeemskerkCort van der LindenRuijs de Beerenbrouck IRuijs de Beerenbrouck IIColijn IDe Geer IRuijs de Beerenbrouck IIIColijn IIColijn IIIColijn IVColijn VDe Geer IIGerbrandy IGerbrandy IIGerbrandy IIISchermerhorn-DreesBeel IDrees IDrees IIDrees IIIDrees IVBeel IIDe QuayMarijnenCalsZijlstraDe JongBiesheuvel IBiesheuvel IIDen UylVan Agt IVan Agt IIVan Agt IIILubbers ILubbers IILubbers IIIKok IKok IIBalkenende IBalkenende IIBalkenende IIIBalkenende IVRutte IRutte IIRutte IIIRutte IVSchoofJetten
· · Berjocht bewurkje