Springe nei ynhâld

Kabinet-Mackay

Ut Wikipedy
Kabinet-Mackay
Lân Nederlân
SteatshaadWillem III (oant 23 novimber 1890)
Wilhelmina (fan 23 novimber 1890 ôf)
PremierÆneas Mackay
Beëdiging21 april 1888
Demisjonêr9 july 1891
Untslachdatum21 augustus 1891
FoargongerHeemskerk Azn
OpfolgerVan Tienhoven
Oersjoch kabinetten

It kabinet-Mackay wie in kristlik Nederlânsk kabinet dat regearre fan 21 april 1888 oant en mei 21 augustus 1891. Dit is it earste saneamde koälysjekabinet, besteande út katolike en Anty-Revolúsjonêre ministers. Foarming fan dit kabinet wie mooglik wurden troch de ferkiezingsoerwinning fan katoliken en ARP. De wichtichste doelen fan it kabinet-Mackay binne de subsidiearring fan it bysûnder ûnderwiis en it ta stân bringen fan in Arbeidswet.

Njonken anty-revolúsjonêren en katoliken telt it kabinet twa konservative ministers.

Yn novimber 1890 stjert kening Willem III yn 'e âldens fan 73 jier. Earder wie er fanwegen syn sûnens al twa kear net by steat ferklearre om te regearjen. De Ried fan Steat naam yn de perioade april/maaie 1889 de funksje fan de kening oer. It regear stelde rap in wet op it regintskip op, en by in nije ynsinking fan de Kening naam keninginne Emma (fan oktober oant novimber 1890) it keninklik gesach wier. Nei it ferstjerren fan de kening folget syn dochter Wilhelmina yn 'e âldens fan 10 jier him op, opnij ûnder it regintskip fan Emma, de twadde frou fan Willem III.

It kabinet sit de hiele perioade út. Omdat der yn de Earste Keamer noch in liberale mearderheid is, helje lykwols net alle wetsfoarstellen de einstreek. In wetsfoarstel om de plakferfanging by it leger ôf te skaffen kin net foar de ferkiezingen ôfhannele wurde, om't katoliken en liberalen tidige behanneling tsjinhâlde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Kabinetten fan Nederlân
SchimmelpenninckDe Kempenaer-Donker CurtiusThorbecke IVan Hall-Donker CurtiusVan der BrughenRochussenVan Hall-Van HeemstraThorbecke IIFransen van de PutteVan Zuylen van NijeveltVan Bosse-FockThorbecke IIIDe Vries-Fransen van de PutteHeemskerk-Van Lynden van SandenburgHeemskerk AznMackayVan TienhovenRöellPiersonKuyperDe MeesterHeemskerkCort van der LindenRuijs de Beerenbrouck IRuijs de Beerenbrouck IIColijn IDe Geer IRuijs de Beerenbrouck IIIColijn IIColijn IIIColijn IVColijn VDe Geer IIGerbrandy IGerbrandy IIGerbrandy IIISchermerhorn-DreesBeel IDrees IDrees IIDrees IIIDrees IVBeel IIDe QuayMarijnenCalsZijlstraDe JongBiesheuvel IBiesheuvel IIDen UylVan Agt IVan Agt IIVan Agt IIILubbers ILubbers IILubbers IIIKok IKok IIBalkenende IBalkenende IIBalkenende IIIBalkenende IVRutte IRutte IIRutte IIIRutte IVSchoof
· · Berjocht bewurkje