Springe nei ynhâld

Kabinet-Gerbrandy III

Ut Wikipedy
Kabinet-Gerbrandy III
Lân Nederlân
KoälysjeRKSP,
ARP,
VDB
SteatshaadWilhelmina
PremierPiter Sjoerds Gerbrandy
Beëdiging23 febrewaris 1945
Demisjonêr12 maaie 1945
Untslachdatum25 juny 1945
FoargongerGerbrandy II
OpfolgerSchermerhorn-Drees
Oersjoch kabinetten

It kabinet-Gerbrandy III (ek bekend as London IV) wie ien fan de fjouwer Londenske kabinetten dy't yn de Twadde Wrâldkriich it Nederlânske Regear-yn-ballingskip foarmen, dy't sit hiene yn Londen.

It kabinet Gerbrandy-III ûntstie nei't yn jannewaris 1945 de SDAP-ministers harren ûntslach oanbean hiene. Dit kabinet bea nei de Befrijing op 5 maaie 1945 syn ûntslach oan, om it paad frij te meitsjen foar it earste nei-oarlochske regear.

It kabinet regearre noch út Londen wei, mar inkelde ministers, ûnder oare Beel, ferbleaunen al in skoft yn it befrijde Nederlân (yn Oisterwijk). In wichtich part fan de bestjoerstaken yn it befrijde part fan Nederlân waarden ûnder ferantwurdlikheid fan de minister fan Kriich útoefene troch it Militêr bewâld, ûnder lieding fan generaal Kruls.

Minister Beel kaam mei in tydlike regeling foar de gemeentlike en provinsjale bestjoeren nei de kriich. Der kamen need-gemeenterieden, dy't troch in apart pleatslik kieskolleezje beneamd waarden.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Kabinetten fan Nederlân
    SchimmelpenninckDe Kempenaer-Donker CurtiusThorbecke IVan Hall-Donker CurtiusVan der BrughenRochussenVan Hall-Van HeemstraThorbecke IIFransen van de PutteVan Zuylen van NijeveltVan Bosse-FockThorbecke IIIDe Vries-Fransen van de PutteHeemskerk-Van Lynden van SandenburgHeemskerk AznMackayVan TienhovenRöellPiersonKuyperDe MeesterHeemskerkCort van der LindenRuijs de Beerenbrouck IRuijs de Beerenbrouck IIColijn IDe Geer IRuijs de Beerenbrouck IIIColijn IIColijn IIIColijn IVColijn VDe Geer IIGerbrandy IGerbrandy IIGerbrandy IIISchermerhorn-DreesBeel IDrees IDrees IIDrees IIIDrees IVBeel IIDe QuayMarijnenCalsZijlstraDe JongBiesheuvel IBiesheuvel IIDen UylVan Agt IVan Agt IIVan Agt IIILubbers ILubbers IILubbers IIIKok IKok IIBalkenende IBalkenende IIBalkenende IIIBalkenende IVRutte IRutte IIRutte IIIRutte IVSchoofJetten
    · · Berjocht bewurkje