Kabinet-Drees I
| Kabinet-Drees I | ||
| De ministers fan it kabinet by taspraak fan Drees (1948) | ||
| Lân | ||
| Koälysje | KVP, PVDA, KHU, VVD | |
| Tal sitten TK | 32 + 27 + 9 + 8 = 76 | |
| Steatshaad | Wilhelmina (oant 4 septimber 1948) Juliana (fan 4 septimber 1948 ôf) | |
| Premier | Willem Drees | |
| Beëdiging | 7 augustus 1948 | |
| Demisjonêr | 24 jannewaris 1951 | |
| Untslachdatum | 15 maart 1951 | |
| Foargonger | Beel I | |
| Opfolger | Drees II | |
| Oersjoch kabinetten | ||
It kabinet-Drees I (ek bekend as Drees-Van Schaik) wie it Nederlânske kabinet fan 7 augustus 1948 oant 15 maart 1951. It kabinet waard foarme troch de politike partijen Katolike Folkspartij (KVP), Partij fan de Arbeid (PVDA), Kristlik-Histoaryske Uny (KHU) en de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 1951. It sintrum kabinet Drees I wie in mearderheidskabinet dat sawol yn de Earste Keamer en Twadde Keamer rekkenje koe op in romme mearderheid. It kabinet Drees I wie in kabinet fan de roomsk-reade koälysje.
Frij betiid yn dizze perioade op 4 septimber 1948 die Keninginne Wilhelmina ôfstân fan de troan foar prinsesse Juliana, dy't ek al in skoft as regintesse optreden hie.
Yn 1948 fierde Nederlân foar de twadde kear in polisjonele aksje út yn Yndoneezje, wat ta ynternasjonale ôfkarring late. Yn 1949 waard Nederlân lid fan de NAFO en live inkelde lytsere gebieten fan Dútslân yn. De grutste gebieten dy't by Nederlân foege waarden wiene de gemeente Selfkant, mei it haadplak Tüddern, en Elten. Fierders waarden tal fan oare lytse grinswizigingen trochfierd, benammen yn de buert fan Nimwegen en Dinxperlo. Noch dyselde deis, fan 12.00 oere ôf, waarden dizze gebieten troch Nederlânske striidkrêften beset.
Ein 1949 waard de ûnôfhinklikheid fan Yndoneezje troch Nederlân erkend. Yn 1951 late úteinlik in moasje oer Nij-Guineä ta de fal fan it kabinet. Der waarden gjin nije ferkiezingen holden, mar mei deselde partijen waard in nije regearing foarme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
