Kabinet-De Kempenaer-Donker Curtius
| Kabinet-De Kempenaer-Donker Curtius | ||
| Lân | ||
| Steatshaad | Willem II (oant 17 maart 1849) Willem III (fan 12 maaie 1849 ôf) | |
| Premier | rûljearjend premierskip | |
| Beëdiging | 21 novimber 1848 | |
| Demisjonêr | 26 septimber 1849 | |
| Untslachdatum | 1 novimber 1849 | |
| Foargonger | Schimmelpenninck | |
| Opfolger | Thorbecke I | |
| Oersjoch kabinetten | ||
It kabinet-De Kempenaer-Donker Curtius wie in Nederlânsk gematigd liberaal kabinet dat regearre fan 21 novimber 1848 oant 1 novimber 1849. In nije formaasje hat net plakfûn; der binne mar in pear wizigingen oangeande it foarige (tydlike) kabinet. De grutte man fan 1848, Johan Rudolph Thorbecke, ûntbruts. Dêrom waard it kabinet troch de Thorbeckianen yn de Twadde Keamer fûl tsjinwurke.
It foarsitterskip fan de Ried fan Ministers rûlearre. Yn novimber 1848 wie dit Van Bosse, yn desimber Van Heemstra. Fan 1849 ôf rûlearre it foarsitterskip de trije moanne.
Op 17 maart 1849 stjert kening Willem II yn 'e âldens fan 56 jier. Nei wat wifkjen wie syn soan Willem ree om it keningskip oer te nimmen. Hy wie as kroanprins tsjinstanner fan de grûnwetswiziging fan 1848 en ferbliuwt op it momint fan it ferstjerren fan syn heit yn Ingelân. In delegaasje út de ministerried hat him dêr ophelje. Op 12 maaie wurdt Willem as kening Willem de tredde yn Amsterdam ynhuldige.
Hiel suksesfol wie it kabinet lykwols net. In protte krityk wie der op de wetsfoarstellen fan minister De Kempenaer, lykas syn ûntwerp-Kieswet en ûntwerp-Gemeentewet. Net ien fan dy foarstellen waard oannommen. Nei ferskate nederlagen en it ôftreden fan inkelde ministers, stapte it kabinet úteinlik yn septimber 1849 op.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|