Kabelbaan
In kabelbaan of keabelbaan is in ferfiermiddel wêrby't ien of mear kabines of oare apparaten troch middel fan in kabel oer in trajekt lutsen wurde. It wurd kabelbaan is in sammelnamme. In kabelbaan ferfiert persoanen of guod yn in kabine. Der kin ek in bak brûkt wurde foar guod of bisten. Sa'n bak wurdt faak kombinearre mei in kabine. De earste moderne kabelbaan waard yn 1874 yn Dútslân yn gebrûk nommen.
Kabelbanen binne meast bedoeld foar it oerbrêgjen fan in hichteferskil of dêr't oare obstakels, rivieren, ravynen, havens, bouwurken oerbrêge wurde moatte. It útsjoch kin ek in doel wêze. By hichteferskillen wurdt praat oer in dal- en in berchstasjon. As it totale trajekt te lang is, objekten passearre wurde moatte of de útfiering te djoer is, wurde der seksjes makke mei tuskenstasjons. Yn de winter kinne kabelbanen yn skygebieten ek as skylift oantsjut wurde. De kapasiteit fan in kabelbaan wurdt útdrukt yn it maksimaal tal persoanen dat ferfierd wurde kin yn't oere.
Pindeljende kabelbaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By in pindeljende kabelbaan is der sprake fan in draachkabel en in lûkkabel. De draachkabel hinget stil en de kabine pendelet tusken it begjin - en einstasjon en draait net troch it stasjon. De kabine is mei in hinger ferbûn oan it rinwurk. It rinwurk rydt oer de draachkabel, dy't befêstige is of stipe wurdt troch mêsten en it begjin - en einstasjon. Yn it Frânsk hawwe se it oer in télépherique, yn it Dútsk oer in Pendelseilbahn.
As it trajekt twa kabines hat (elk yn ien rjochting: omheech en omleech, saneamde "dûbeld spoar") en ferbûn is mei ien lûkkabel, dan hâlde de kabines harren yn prinsipe yn lykwicht by gelikense belading en ôfstân ta boppestasjon. De trekkabel wurdt troch in motor oandreaun fia in omlooptsjil en op spanning hâlden mei in spanynrjochting. De lûkkabel beweecht net kontinu. Oer de ôfreis moat kommunisearre wurde, om yn - en útstappen feilich ferrinne te litten. By in trajekt mei ien kabine ("enkel spoor") is der trochstrings gjin kontragewicht, wêrtroch't it systeem mear liket op dat fan in hyskraan.
Gondelbaan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In gondelbaan ferfiert persoanen of guod yn meardere, meastal lytsere, kabines oan ien omloopnende kabel dêr't de kabines net pindelje. De kabel is sawol draach- as lûkkabel, bestiet út ien stik en draait troch it stasjon. Yn it Dútsk hjit dat in Umlaufseilbahn of Gondelbahn, yn it Frânsk in télécabine.
Sky's of snowboards kinne faak yn fakken pleatst wurde, meastal oan de bûtenkant fan de doar. Der kin ek in bak brûkt wurde foar guod of bisten. Om de kapasiteit te ferheegjen moat de omloopfaasje grutter wurde. It yn- en útstappen wurdt dan dreger. By âldere gondelbanen bliuwe de kabines oan de kabel hingjen. By nije en renovearre gondelbanen wurdt de gondel loskeppele as de gondel yn it (begjin-, tusken- of berch) stasjon komt en rêstich oer in rolbaan fierder laat, om yn- en útstappen makliker te meitsjen.
Banen mei fêste gondels hawwe meastal in legere kapasiteit as banen mei ûntkeppelbere gondels. In stuoltsjeslift is technysk in iepen fariant fan de gondelbaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|