Springe nei ynhâld

Kaapske pappegaai

Ut Wikipedy
Kaapske pappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaigrutkoppappegaaien (Poicephalus)
soarte
Poicephalus robustus
Gmelinl, 1788
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De Kaapske pappegaai (Poicephalus robustus) is in pappegaaiesoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

Tusken poppen en mantsjes fan 'e likernôch 33 sm lang fûgel bestiet seksuële dimorfy. It wyfke hat in reade bân op 'e foarholle, dy't in folwoeksen mantsje faker mist. Wyfkes ha dêrnjonken in finere kop en in koartere snaffel. De fûgel is foar it measte grien. De kop is grieneftich oant gieleftich brún mei wat donkerbrune plakjes. It grien fan 'e ûnderrêch, it boarst en de búk ha in blauwe waas. De rêch en wjukken ha tige donkere oant swarte fearren mei brede griene seamen, wylst de fearren fan 'e wjukbocht en dijen oranje binne.

Net lang ferlyn waard de Kaapske pappegaai noch net as in selsstannige soarte behannele. De fûgel waard as ûndersoarte fan 'e brúnnekpappegaai (P. fuscicollis) beskôge. Ut genetysk ûndersyk die bliken dat it om twa ferskillende soarten giet (Wirminghauset al. 2002). De spesjalisaasje fan 'e Kaapske pappegaai is dêr ek in bewiis fan. De Kaapske pappegaai kin him folle minder goed oan feroaringen oanpasse as de brúnnekpappegaai.

De fûgel is endemysk yn it easten fan Súd-Afrika yn 'e provinsjes KwaZulu-Natal en Eastkaap en dêrnjonken is noch in tige lytse isolearre populaasje yn 'e provinsje Limpopo, dêr't se yn iepen bosk, op savannes mei bammen en mangrovegebieten libje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pappegaaiesoarte is in spesjalist en binne foar harren bestean ôfhinklik fan yellowwood-beammen (Podocarpus-soarten), dêr't se foar it iten en it brieden ferlet fan ha. Bûten de briedtiid swalkje se yn groepen fan 3 oant 20 fûgels om en lizze se ôfstannen fan 30 oant 80 km ôf om iten te sykjen. It binne skouwe fûgels.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Kaapske pappegaai is beheind en de grutte fan 'e populaasje waard yn 2017 troch BirdLife op 730 oant 1200 folwoeksen fûgels rûsd. De Kaapske pappegaai stiet troch habitatferlies en fragmintaasje en wyldfang ûnder druk. De fûgel stiet as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN. Foar de hannel yn é fûgel binne der beheiningen; de soarte stiet yn 'e Taheakke II fan it CITES-ferdrach. Om de soarte te helpen hawwe Wild Bird Trust en it Percy Fitz Patrick Institute tûzenen yellowwood-beammen yn 'e Eastkaap plante. Ek binne hûnderten nêstkasten ophongen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: