Kaapske ielgoes
| Kaapske ielgoes | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phalacrocorax capensis | ||||||||||||
| Sparrman, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Kaapske ielgoes (Phalacrocorax capensis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels binnen it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte is endemysk yn súdwestlik Afrika, dêr't it tal fûgels sterk ôfnaam is.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Kaapske ielgoes is in lytse oant middelgrutte ielgoes fan sa'n 63 sm lang, mei in relatyf koarte sturt.
Yn it simmerfearkleed is de fûgel maklik te werkennen oan it blauswarte, glânzgjende fearrekleed en de opfallende djip oranjegiele kielsek. Yn 'e winter is it fearrekleed earder dofbrún; op it kin, de kiel en it boppeste part fan it boarst is de fûgel mear griisbrún. De kielsek is dan mear giel.
It each is by folwoeksen fûgels turkwaze. Dêr omhinne sit in wat grienige eachring, en yn it briedseizoen kinne der op dy eachring heldere blauwe kralen te sjen wêze.
Jonge fûgels lykje op folwoeksen fûgels yn it winterkleed, mar binne oan 'e ûnderkant witer. By jonge fûgels is it each mear blau-griis en letter griis.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske ielgoes komt foar oan 'e kust fan súdwestlik Namybje en súdlik Súd-Afrika.
Sibskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid in ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaanfûgels (Pelecaniformes) yndield, mar se waarden ek wol by de eiberteftigen (Ciconiiformes) yndield. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de pilekaanfûgels as takson in parafyletyske groep foarmje. Dêrom binne de ielguozzen ferhûze nei it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei de fregatfûgels, ginten en slangehalsfûgels.
De soarte is nau besibbe oan 'e gewoane ielgoes (Phalacrocorax carbo) en de Japanske ielgoes (P. capillatus).
De Kaapske ielgoes wurdt as monotypysk beskôge; dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske ielgoes briedt fan septimber oant febrewaris yn koloanjes op eilannen en rotsige kusten. It is in tige sosjale fûgel dy't hast folslein oan 'e see bûn is. It iten bestiet foar it grutste part út fisken dy't yn iezems libje, benammen Sardinops ocellata en Eungralis capensis.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tal Kaapske ielguozzen is tige bot ôfnaam, nei alle gedachten troch it ynstoarten fan fiskbestannen. De soarte is ek kwetsber foar oaljefersmoarging en útbraken fan fûgelgoalera.
De IUCN klassifisearret de Kaapske ielgoes dêrom tsjintwurdich as bedrige (Endagered, EN).
Nettsjinsteande de delgong is de soarte noch jimmeroan de meast foarkommende ielguozzesoarte yn súdwestlik Afrika. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op likernôch 234.000 folwoeksen yndividuen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

