Kaapske hagekrûper
| Kaapske hagekrûper | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Curruca subcoerulea | ||||||||||||
| Vieillot, 1817 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Kaapske hagekrûper (Curruca subcoerulea; foarhinne Sylvia subcoerulea) is in moskeftige fûgel út de famylje fan 'e hagekrûperfûgels (Sylviidae). It is in libbene, lytse fûgel dy't foaral foarkomt yn 'e drûgere dielen fan súdlik Afrika.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske hagekrûper wurdt likernôch 14 oant 15 sm grut en weaget tusken de 14 en 16 gram. De boppekant fan 'e fûgel is griisbrún oant laaigriis. De kiel is wyt mei dúdlike donkere streken. It meast opfallende oan 'e soarte is lykwols de kastanjebrune kleur fan de ûndersturtdekfearren De eagen hawwe in opfallende wite ring.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet beslacht in grut part fan súdlik Afrika. De fûgel komt foar yn Súd-Afrika (foaral de westlike en sintrale dielen), Namybje, Botswana, Simbabwe (it súdwesten) en Angoala (it súdwesten). It is in stânfûgel dy fan drûge gebieten mei strewellen hâldt, lykas fynbos, karoo-savannes en toarnbosken. Se wurde ek faak yn tunen en parken yn drûgere regio's sjoen.
Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend mei de folgjende fersprieding:
- Curruca subcoerulea ansorgei - komt foar oan 'e kust fan Súdwest-Angoala.
- Curruca subcoerulea cinerascens - Namybje en Botswana.
- Curruca subcoerulea subcaerulea – westlik Súd-Afrika, fan 'e Noardkaap súdlik fan 'e Oranjerivier eastlik oant it súdwesten fan provinsje Frijsteat
- Curruca subcoerulea orpheana – Simbabwe , eastlik Súd-Afrika (eastlik oant de provinsjes Frijsteat en KwaZulu-Natal) en Lesoto.
Ekology en gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske hagekrûper is in monogame fûgel dy't faak yn pearkes sjoen wurdt. It binne aktive fûgels dy't tusken tichte tûken sykje nei iten en harren gebiet fûleindich ferdigenje tsjin soartegenoaten. De Kaapske hagekrûper yt foaral ynsekten en oare lytse wringeleaze dierkes. Dêrnjonken yt er ek wol lytse fruchten en beien.
It nêst is in ienfâldige, bekervoarmige fan gers, woartels en spinreach makke bousel dat faak goed ferstoppe sit yn in toarnbosk. It wyfke leit meastal twa oant trije aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de Kaapske hagekrûper de status 'net bedrige' (Least Concern) en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en it is in algemiene ferskining yn grutte dielen fan súdlik Afrika. Om't de soarte him goed oanpasse kin en sels yn tunen foarkomt, binne der op it stuit (2026) gjin grutte bedrigings foar de soarte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
