Kaapske gint
| Kaapske gint | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Morus capensis | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Kaapske gint (wittenskiplike namme: Morus capensis) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus). Dit bist komt foar yn in brede stripe by de Afrikaanske kust lâns fan 'e Golf fan Guinee ôf oan 'e Strjitte fan Mozambyk ta. It is in grutte fûgel, dy't sterk liket op 'e nau besibbe gint (Morus bassanus) fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan. Krekt as syn miich libbet de Kaapske gint fan fisk en briedt er yn massale koloanjes. Oars as mei de (gewoane) gint, giet it net sa goed mei de Kaapske gint. De IUCN klassifisearret dizze fûgel dêrom as bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint waard yn 1823 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Dútske biolooch Hindrich Lichtenstein. Foarhinne waard dizze fûgel, krekt as de besibbe Australyske gint (Morus serrator), wol beskôge as in ûndersoarte fan 'e (gewoane) gint (Morus bassanus), dy't foarkomt boppe de noardlike Atlantyske Oseaan. Tsjintwurdich is dúdlik dat de trije fûgels ferskillende, sij it nau besibbe, soarten fertsjintwurdigje.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemiene fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint is lânseigen yn in brede stripe fan 'e súdeastlike Atlantyske Oseaan en de súdwestlike Yndyske Oseaan by de kust fan it Afrikaanske kontinint lâns. De noardlike grins oan 'e fersprieding wurdt foarme troch de Golf fan Guinee foar de kusten fan Gana, Togo, Benyn, Nigearia, Sao Tomee en Prinsipe, Kameroen, Ekwatoriaal Guinee en Gabon. Dêrwei rint it areaal súdoan by de kusten fan 'e Republyk Kongo, de Demokratyske Republyk Kongo, Angoala, Namybje en Súd-Afrika lâns nei de súdpunt fan Afrika by Kaap de Goede Hoop. It beslacht yn 'e Yndyske Oseaan ek de súd- en súdeastkust fan Súd-Afrika en it súdlike diel fan 'e kust fan Mozambyk, oan it begjin ta fan 'e Strjitte fan Mozambyk (de see tusken it Afrikaanske fêstelân en Madagaskar).
Briedkoloanjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It briedgebiet fan 'e Kaapske gint is lykwols folle lytser. Dat is feitliks beheind ta mar seis lytse eilantsjes foar de kust fan súdwestlik Afrika. It giet dêrby om it Fûgeleilân yn 'e Algoabaai, Malgas en it Fûgeleilân yn 'e Lamberts Baai yn Súd-Afrika, en om 'e Pinguïneilannen (Mercury, Ichaboe en Posession) yn Namybje. De grutste briedkoloanje is Malgas, dêr't yn 1996 mear as 70.000 briedpearen wiene. Inkele briedpearen stekke de Yndyske Oseaan oer om op eilantsjes foar de súdkust fan Austraalje middenmank koloanjes fan 'e Australyske gint (Morus serrator) te brieden.
Dwaalgasten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der giene al lange tiid ferhalen om dat Kaapske ginten as dwaalgasten boppe de noardlike Atlantyske Oseaan waarnommen wiene, mar oant 2016 wie dêr gjin bewiis foar, útsein yn ien gefal. Yn 2008 publisearren de ornitologen Pierre-André Crochet en Marcel Haas yn it tydskrift Dutch Birding de útkomsten fan in ûndersyk dat se nei dat gefal dien hiene, fan in juvenyl fan 'e Kaapske gint dy't yn 1966 oan 'e kust fan 'e Westlike Sahara waarnommen wie. It die bliken dat dy waarnimming op in flater berêste. De oarspronklike gegevens pleatsten de fûgel yn Tsjaad, yn it hert fan it Afrikaanske kontinint; de pleatsing yn 'e Westlike Sahara wie in besykjen fan lettere bewurkers fan 'e gegevens om ta in mear plausibele lokaasje te kommen. Mar eins, sa ûntdieken Crochet en Haas, siet de flater deryn dat de geografyske koördinaten op it súdlik healrûn thúshearden ynstee fan op it noardlik healrûn. In retransposysje levere in lokaasje oan 'e kust fan Namybje op, midden yn it natuerlike ferspriedingsgebiet fan 'e Kaapske gint.

Dêrmei wiene der gjin bewiisbere gefallen mear oer fan Kaapske ginten dy't har as dwaalgast op it noardlik healrûn bejoegen. Mar op 14 april 2016 waard in Kaapske gint fotografearre foar de kust fan it eilân Flores yn 'e Azoaren. Ek yn 'e Britske Eilannen soene Kaapske ginten waarnommen wêze, wêrûnder ien op it eilân Wight foar de súdkust fan Ingelân yn desimber 2020, mar dêr is gjin (dúdlik) fotografysk bewiis fan. In dwaalgast yn Spanje yn 1985 wie dúdlik gjin (gewoane) gint (Morus bassanus), mar soe sawol in Kaapske gint as in Australyske gint (Morus serrator) west hawwe kind. Kaapske ginten binne ek as dwaalgast fotografearre yn Perû yn 1999 en yn Omaan yn 2004.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint hat trochinoar in totale lichemslingte fan 84–94 sm, mei in spanwiidte fan 171–185 sm en in gewicht fan trochinoar 2,6 kg. Dêrmei is it in grutte fûgel, mar justjes lytser as de (gewoane) gint (Morus bassanus). It fearrekleed is fierhinne wyt, mei swarte wjukseinen, in swarte sturt en in bêzje oant gielige kop.

De eagen binne grizich blau, mei in swarte râne fan keale hûd deromhinne. De ljochtgrize snaffel is lang en skerp, mei in punt dy't wat nei ûnderen ta bûcht. De snaffelsrânen binne swart en skerp en in bytsje kartelich. Om 'e snaffel hinne rint in swarte râne, dy't by de eagen útkomt yn 'e eachrâne. Krekt as by oare gintfûgels sitte de noasters by de Kaapske gint oan 'e binnenkant fan 'e snaffel. Dat betsjut dat dizze fûgel net sykhelje kin sûnder de snaffel te iepenjen, mar it komt foar dat by it dûken seewetter yn 'e noas kringe kin. De swarte poaten binne foarsjoen fan fjouwer teannen dy't ferbûn wurde troch in swimflues.
Fan 'e (gewoane) gint is de Kaapske gint it maklikste te ûnderskieden troch syn swarte sturt, dy't by de gint wyt is. De trêde soarte út it skaai fan 'e ginten, de Australyske gint (Morus serrator), hat in sturt wêrfan't inkeld de middelste fearren swart binne.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaapske ginten binne net echt fûgels fan 'e pelagyske sône, mei't se foar it meastepart yn in stripe ûnder de kust bliuwe dy't mar sa'n 100 km breed is. Nettsjinsteande dat kinne se har poerbêst rêde op wat dochs as iepen see beskôge wurde moat. Sawol foar de Atlantyske as de Yndyske Oseaan besteane der waarnimmings fan Kaapske ginten dy't har mear as 200 km út 'e kust befûnen. De briedkoloanjes binne fêstige op rotsige, dreech berikbere eilantsjes, dêr't potinsjele natuerlike fijannen der net of hast net by kinne.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint jaget (of fisket, sa't men wol) troch al fleanend op in hichte fan likernôch 70 m boppe see iezings fisk op te spoaren dy't relatyf deun ûnder it see-oerflak swimme. Fan in hichte fan minimaal 10 m en maksimaal 60 m ôf dûkt er dan suver rjocht del yn see, wêrby't er, krekt foar't er it wetter rekket, de wjukken hielendal tebek teart en in "torpedo-foarm" oannimt. Kaapske ginten reitsje it wetter op dy manear mei in faasje fan 40–120 km/h.
As se eksterne noasters hiene, soe troch dy klap seewetter yn 'e noas kringe, en dat is de evolúsjonêre reden dat de noasters by dizze fûgel oan 'e binnenkant fan 'e snaffel sitte. As in Kaapske gint by in dûk net daliks in fisk te pakken hat, brûkt er sawol syn wjukken as syn mei swimfluezzen tariste poaten om ûnder wetter de efterfolging yn te setten op syn proai. Dêrby kin er wol oant 20 m djip dûke.
Kaapske ginten binne monogame fûgels. Se foarmje pearkes dy't teminsten ien hiel briedseizoen byinoar bliuwe, en gauris mear as ien briedseizoen. Dat betsjut net dat se it hiele jier rûn mei-inoar oplûke, mar dat se inoar trijefearns jier letter, oan it begjin fan it nije briedseizoen, opsykje en weromfine. Se fiere dan komplekse begroetingsrituelen út, wêrby't se de snaffels omheech wize en de hals útrekke en hoeden mei de snaffels tsjininoaroan tikje.

De briedtiid begjint yn augustus of septimber, wannear't it winter is op it súdlik healrûn. Kaapske ginten lizze mar ien inkeld wyt aai, dat wat út 'en blauwens skynt. It is effen fan kleur, mar rekket yn it nêst al rillegau besmozge, sadat it faak wol liket as hat it in patroan fan dûnkerbrune spikkels. It brieden wurdt om bar ferrjochte troch beide âlden. Om't ginten gjin keal briedplak op it ûnderliif hawwe, dêr't it aai opwaarme wurde kin mei de lichemstemperatuer fan 'e âlderfûgel, geane Kaapske ginten mei de waarme, want goed trochblette swimfluezzen boppe-op it aai sitten om it te ynkubearjen.
It brieden duorret 42–46 dagen, wêrnei't der in pyk mei in swarte hûdskleur út it aai komt dy't yn it begjin keal en blyn is en mar 70 g weaget. Mei likernôch 10 dagen is de pyk oerdutsen mei in laachje wyt dûns. Mei 20 dagen is er oanwûn ta in gewicht fan sa'n 867 g, in trêdepart fan it gewicht fan in folwoeksen fûgel. Mei 55 dagen is de pyk swierder as syn âlden, en dat bliuwt sa oant er mei 95–105 dagen útfljocht.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Kaapske gint stiet der benammen fisk op it menu. It is gjin sinnich bist, dat hast eltse fisk dy't 2–30 sm lang is foldocht. Kaapske ginten frette bygelyks in protte sardinen. Njonken fisken sline se ek wol oare bisten dy't yn see libje en yn iezings foarkomme, lykas pylkinketfisken.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint hat net folle natuerlike fijannen; inkeld de grutste rôffûgels hâlde in wiere bedriging yn, lykas mooglik de Afrikaanske see-earn (Ichtyophaga vocifer). Op 'e eilantsjes dêr't Kaapske ginten briede, binne harren aaien en piken ûnberikber foar lânrôfdieren lykas mangoesten, jakhalzen en foksen. Wol binne se kwetsber foar grutte soarten seefûgels (Laridae), yn 't bysûnder miuwen (Larus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't nettsjinsteande it grutte ferspriedingsgebiet de fuortplanting beheind is ta seis lytse eilantsjes en der in delgeande populaasjetrend bestiet. De hiele wrâldpopulaasje bestie yn 1996 út nei skatting 340.000 fûgels (170.000 briedpearen), wêrfan't 88% yn Súd-Afrika brette en 12% yn Namybje. Fral yn dat lêste lân giet it net goed mei de Kaapske gint. Tusken 1956 en 2000 sakke de Namibyske populaasje fan dizze soarte yn fan 114.600 briedpearen ta 18.200 briedpearen, in delgong fan 84%. Yn kontrast dêrmei naam de Súdafrikaanske populaasje yn dyselde perioade ta fan 34.400 briedpearen nei 148.000 briedpearen, in taname fan 430%.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kaapske gint is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Fûgelsoarte
- Gint (skaai)
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Togo

