Springe nei ynhâld

Kaapske foks

Ut Wikipedy
Kaapske foks
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljehûneftigen (Canidae)
skaaifoksen (Vulpes)
soarte
Vulpes chama
Smith, 1833
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Kaapske foks (Vulpes chama) is in bist út it skaai foksen (Vulpes) yn 'e famylje hûneftigen (Canidae)

Kaapske foksen wurde likernôch 45 oant 62 sm en ha in sturt fan 30 oant 40 sm. De skofthichte is sawat 30 oant 24 sm en it gewicht leit earne tusken 2,5 oant 4,5 kg. Lykas oare foksen dy't libje op drûge savannes en healwoastinen is it formaat fan 'e Kaapske foks lytser as fan guon oare foksesoarten.

Kaapske foksen binne meast sulvergriis oant ljochtbrún mei in wat ljochtere ûnderkant (waarm gielbrún oant wyt). Harren poaten binne lykas de ûnderkant fan it lichem. De earen binne grut, rjochtopsteand mei skerpe punten. Se binne relatyf grut yn ferhâlding ta de kop, itjinge typysk is foar foksen yn waarme gebieten. De Kaapske foks hat in smelle en spitse snút mei in donkere noas. De sturt is lang mei lang hier, meastentiids einigjend yn in swarte punt. Rikels binne trochstrings wat swierder as teefkes.

De Kaapske foks komt yn it suden fan Afrika foar. Yn Súd-Afrika komt er hast yn it hiele lân foar. Ek komt de foks yn it grutste part fan Namybje en Botswana foar. Foar Angoala jildt dat de Kaapske foks allinnich yn in lyts súdwestlik stik fan it lân foarkomt, dat ek it meast noardlike gebiet fan it ferspriedingsgebiet is. Resint is de Kaapske foks waaarnommen yn Súdwest-Simbabwe. Mooglik komt de soarte ek yn Lesoto en Swazylân foar, mar dat is net wis.

It biotoop fan 'e Kaapske foks bestiet út savannes en gerslannen mei hjir en dêr begroeiïng. Somtiden wurdt der ek op yn kultuer brocht lân sjoen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaapske foksen.

Kaapske foksen binne meast nachts, by it lemieren en it skimerjen aktyf. Oerdeis rêst er yn syn boarch of yn tichte begroeiïng om koel te bliuwen. De territoaria fan ferskillende pearen kinne inoar oerlaapje, mei útsûndering fan in gebiet om it hol hinne. It binne omnivoaren en net sinnige iters, se hawwe in foarkar foar lytse kjifdieren, ynsekten, lytse reptilen en fûgels en fruchten en beien. Somtiden ite se ek ies.

Se jeie yn 'e regel allinnich en foarmje yn 'e peartiid monogame pearen. Bûten de peartiid libje se meast allinnich. De draachtiid is sawat 52 dagen en se kinne ien oant seis jongen krije mar meast net mear as twa of trije, dy't nei fjouwer moannen selsstannich om iten sykje en nei fiif oant njoggen moannen harren sels rêde moatte.

De Kaapske foks wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2014) klassifisearre. Kaapske foksen ha in grut en stabyl ferspriedingsgebiet yn it suden fan Afrika. Der binne gjin oanwizingen foar sterke ôfname's fan 'e oantallen; de soarte komt algemien foar yn ferskillende soarten habitats. Feroaringen troch de lânbou en sels de útwreiding fan healdrûge begroeiïng ha laat ta útwreiding fan it leefgebiet. Lokaal is der sprake fan ferfolging en ek it ferkear soarget foar slachtoffers ûnder de soarte.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: