Kaap York-skiereilân
Kaap York-skiereilân | ||
![]() | ||
geografy | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
koördinaten | 53° 13' S 5° 54' E | |
sifers | ||
oerflak | 138.000 km² |
It Kaap York-skiereilân (Ingelsk: Cape York Peninsula) is in skiereilân yn it noarden fan 'e Australyske dielsteat Queensland. It eilân is ferneamd nei it noardlikste punt fan it Australyske fêstelân, Kaap York (Cape York).
Yn 1606 wie de Nederlânske seeman Willem Janssoan oan board fan 'e Duyfken de earste Europeaan dy't yn Austraalje lanne en it skiereilân Kaap York besocht. It lân waard doe al tûzenen jierren bewenne troch in oantal folken fan 'e Aborizjinals.
It skiereilân hat in oerflak fan likernôch 289.000 km² en is dêrmei grutter as bygelyks Grikelân. Yn it suden is it skiereilân likernôch 430 km breed en is 660 km lang. It westlike part leit oan 'e Golf fan Carpentaria en it easten leit oan 'e Koraalsee. Yn it noarden leit de Strjitte fan Torres. Yn dy seestrjitte, tusken Kaap York en de súdkust fan Nij-Guineä, lizze de Torresstrjitte-eilannen.
Likernôch de helte fan it skiereilân wurdt brûkt foar it weidzjen fan fee. It relatyf noch oarpronklikie lânskip bestiet út savannes, tropysk reinwâld en oare soarten biotopen dy't beskerme wurde. De floara en fauna is foar in part endemysk, mar is kwetsber foar yntrodusearre soarten, it oerbeweidzjen en yndustry.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cape York Peninsula fan Wikimedia Commons. |